Fytspont Keimpetille hat topjier mei goed 10.000 besikers, en dat yn coronatiid

29 sep 2020 - 15:24

2020 is in topjier foar it fytspontsje by it buorskip Keimpetille, ûnder Sweins en Dronryp. Ferline wike is de 10.000e fytser oer it Van Harinxmakanaal set. En dat wylst de pont in moanne letter as oare jierren yn de feart gie, fanwegen alle coronamaatregels, en der alle kearen ek noch minder minsken oerset wurde kinne. "We sille oan de ein fan it seizoen sjen oft we noch in moai feestje fiere kinne."

De fytspont fan Keimpetille is tsien jier lyn werom yn de feart kaam. It is in lichtgewicht boatsje, makke fan aluminium. Op it dak lizze acht sinnepanielen. "Wy hiene yn it begjin fjouwer sinnepanielen op it dak fan de pont. Der wie allinnich safolle belangstelling dat de pont de hiele dei yn de feart wie, en dus wie fjouwer eins net genôch," seit bestjoerslid en skipper Jouke Vlietstra. "Dêrom hawwe wy dat yn it twadde jier ferdûbele. Dat giet bêst, benammen dit jier mei al dy sinne."

De fytspont fan Keimpetille hat 10.000 minsken oerset dit jier

Op de sydkant fan de pont hinget in houten plaat, mei de namme Jacob Petrus. Vlietstra leit út hoe't de fytspont oan dy namme kaam is. "Nei de Twadde Wrâldoarloch lei hjir in brêge. Sa'n brêge waard ek wol tille neamd. Dy hearde dan by Keimpe, dêrom ek de namme Keimpetille. Doe't se nei de oarloch it kanaal hjir breder makke hawwe, wie dy brêge te koart. En de gemeente woe doe gjin jild útjaan oan in nije brêge. Dêrom is hjir in pont yn de feart kaam, dy't oant 1963 tsjinst dien hat. De skipper fan dy pont wie Jacob Petrus Miedema."

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

De pont leit krekt bûten it buorskip Keimpetille, oan in dearinnende dyk. Minsken moatte dus wol witte dat it pontsje der is, om it te brûken. Bestjoerslid Auke Talsma, krekt as Vlietstra ek aktyf as skipper fan de pont, seit dat der dochs genôch fytsers delkomme. "Wy binne by it netwurk fan fytsknooppunten oansletten, en dêrtroch kinne toeristen ús hieltyd better fine. We sjogge hjir benammen Hollanners, mar ek wol Belgen of fytsers út Frankryk of noch fierder fuort. Se moatte hjir mei de fyts dochs oer it kanaal hinne."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar makket de oertocht by Keimpetille

Mar 4 fytsers de tocht

By Keimpetille wurkje se mei sa'n 40 frijwillige skippers. Sa is der alle dagen besetting fan twa minsken op de pont. Yn dit jubileumjier moasten se rekken hâlde mei ferskate coronamaatregels. Dêr't der gewoanwei tolve minsken mei de fyts mei kinne, binne dat der no noch fjouwer. "Minsken moatte har ek op de pont oan de oardel meter ôfstân hâlde fansels," seit Talsma. "En dochs ha wy in topjier hân mei mear as 10.000 fytsers op de pont. We moatte noch efkes sjen oft we dat nei it seizoen noch fiere kinne mei in moai feestje."

Meastentiids hâldt de fytspont der om 1 oktober hinne mei op. Dit jier is besletten oant 4 oktober troch te gean. Dêrnei bestiet de mooglikheid dat de pont by moai waar noch langer yn de feart is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)