Reder MSC Zoe krijt gjin proses oan 'e broek fan Provinsje Fryslân

29 sep 2020 - 15:06

Provinsje Fryslân begjint gjin proseduere tsjin de reder fan MSC Zoe. Troch dit beslút wol de provinsje mear romte jaan oan de steat om in goede skea-oerienkomst te sluten mei de reder en de fersekerders.

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid

De provinsje Fryslân hat sels hast gjin skea hân fan de ramp begjin jannewaris 2019, mar de Waadeilannen wol, stelt it kolleezje fan Deputearre Steaten. De provinsje fynt it wichtich dat it Ryk foar de troffen gebieten in goede kompensaasjeregeling út it fjoer sleept.

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)