50PLUS ferdwynt út Ljouwerter gemeenteried no't riedslid oerstapt nei FNP

29 sep 2020 - 14:37

Riedslid Irene van Breemen-Schneider giet fan 50PLUS yn de gemeenteried fan Ljouwert oer nei de FNP. De reden foar de oerstap leit yn ferskillen yn ynsicht en karakters binnen de partij.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Oer de kar om har oan te sluten by de fraksje fan FNP Ljouwert jout se oan, dat har stânpunten en idealen it bêste ta harren rjocht komme yn it partijprogram fan FNP Ljouwert.

De fraksje fan FNP Ljouwert is tige wiis mei de kar fan Van Breemen-Schneider en is bliid dat de fraksje fersterke wurdt mei "in kundige en posityf ynstelde kollega". 50PLUS ferdwynt hjirmei út de ried fan Ljouwert en de FNP giet fan twa nei trije sitten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)