HEA! Pake yn it hea

Pake Pim de Haan fan Frjentsjer is 79 jier en noch alle dagen drok. Dêr't de bern en pakesizzers him eartiids holpen mei it wurk op de buorkerij, bart dat no oarsom. Sûnder pake is it ek net itselde. Pake fertelt alle jierren wer hoe't de pakjes hea op de karre steapele wurde moatte. As ferrassing ha de bern it programma HEA! ynskeakele, want dit moast fêstlein wurde.
HEA! Pake yn it hea