Nije coronamaatregels soargje foar ûndúdlikheid by Fryske skouboargen

29 sep 2020 - 13:54

De nije maatregels tsjin it coronafirus binne ek fan grutte betsjutting foar de skouboargen yn Fryslân. Want hoe moat it no mei de foarstellingen dy't al pland stean? Yn De Lawei yn Drachten stiet bygelyks in foarstelling fan Plien & Bianca op it programma en dêr binne sa'n 240 kaartsjes foar ferkocht. Direkteur Stef Avezaat fan De Lawei hopet sa gau as mooglik dúdlikheid fan Veiligheidsregio Fryslân te krijen oft de foarstelling trochgean kin of net.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Neffens Avezaat is alles yn syn skouboarch goed regele om de coronamaatregels hinne. "Zeker in de grote zaal, en we hebben natuurlijk twee andere zalen." It ôfrûne wykein sieten de sealen fol by Claudia de Breij en by Elske DeWall mei it NNO, seit Avezaat. "Dus we zijn wel wat gewend om het goed te regelen op een veilige manier, anderhalve meter is prima te regelen. En we hebben een heel mooi systeem bedacht met kleuren, dat werkt goed."

De nije maatregels kamen as in ferrassing foar Avezaat, ek omdat minsken wer nocht krigen en it fertrouden om wer nei it teäter te gean. "Ik wist wel dat er iets moest gebeuren. Maar dat we als theaters eventueel ook weer terug moeten naar 30, we hebben nog hoop op de Veiligheidsregio, dan is het echt einde oefening."

Ynkomsten fuort

De kulturele sektor krijt it bot foar de kiezzen, sa seit Avezaat. "Kijk, de grote namen redden het wel een tijdje. Maar met name de musici, de technici, de kostuumontwerpers, de kleedsters en de visagisten, dat zijn de zzp'ers die het nu heel zwaar hebben en bij wie merendeels de inkomsten zijn weggevallen. Daar gaat onze zorg wel naar uit, ja."

Yn de grutte seal fan de Lawei is no plak foar 240 taskôgers yn aparte 'kleurfakken' - Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei direkteur Stef Avezaat fan De Lawei yn Drachten

(Advertinsje)
(Advertinsje)