GGD Fryslân bliid dat provinsje meigiet yn lanlike coronamaatregels

29 sep 2020 - 12:44

GGD Fryslân is bliid dat ús provinsje folget yn de nije lanlike maatregels fan it kabinet yn de striid tsjin it coronafirus. De sûnensynstânsje warskôget al wiken foar de risiko's by sportklups en yn de hoareka en wol dat der yngrepen wurdt no't de situaasje hjir noch net út de hân rûn is. "We zien in Fryslân de laatste dagen ook duidelijk een toename, een hele steile lijn naar boven", seit arts-ynfeksjesyktebestriding Everhard Hofstra fan GGD Fryslân.

Hofstra fan GGD Fryslan

We hawwe yn Fryslân op dit stuit lykwols noch net sa'n soad besmettings as yn bygelyks de Rânestêd en it is dêrom neffens Hofstra wichtich dat we no yn de lanlike line folgje, sadat de problemen hjir yn it neijier beheind bliuwe. De nije coronamaatregels jilde yn earste ynstânsje de kommende trije wiken. "Over drie weken gaan we kijken wat het effect is. Als dat effect goed is, kunnen we dezelfde maatregelen doorzetten", leit Hofstra út. As dy effekten net goed genôch binne, moatte der ekstra maatregels by komme.

Besite thús

It kabinet freget minsken om fan tiisdeitejûn ôf thús net mear as trije minsken te ûntfangen. "Laat het voor mensen ook vooral een waarschuwing zijn dat zij uit zichzelf kijken hoe ze de verspreiding in de thuissituatie zo klein mogelijk kunnen houden." Ek studinten dy't by heit en mem op besite gean, moatte neffens Hofstra ôfstân hâlde. "De neiging om dicht op elkaar te kruipen is dan groter, maar nu is de tijd aangebroken om dat niet meer te doen."

Wurksfear

Ek op it wurk moatte minsken goed ôfstân hâlde. "Als mensen in de koffiepauze geen anderhalve meter afstand houden, moeten we meer mensen in quarantaine plaatsen." Dêrby giet it om de eigen ferantwurdlikens fan wurknimmers, mar ek wurkjouwers wurde oansprutsen op oertrêdingen en bedriuwen kinne twa wiken sletten wurde as se har net oan de regels hâlde.

Hofstra hopet dat de maatregels harren doel tsjinje. "Dan zijn we over drie weken echter nog niet klaar, het duurt vast langer. Ik hoop dat er over die drie weken niet strengere maatregelen nodig zijn, maar dat hebben we met z'n allen in de hand."

Everhard Hofstra fan GGD Fryslân

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân
Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)