Minister Ollongren seit wurkbesite oan Waadeilannen ôf om coronamaatregels

29 sep 2020 - 10:36

In wurkbesite fan vicepremier en minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken oan de Waadeilannen dy't pland stie foar woansdei, is skrast. Dat beslút is naam nei oanlieding fan de nije coronamaatregels dy't it kabinet moandeitejûn oankundige.

Foto: ANP

Ollongren soe delkomme om te praten oer it oereinhâlden fan - yn ferhâlding djoere - foarsjenningen lykas skoallen en soarch foar lytse mienskippen as de Waadeilannen. Dêr waard foar de útbraak fan it coronafirus al oer praat. De minister soe it by it skraste besite ek hawwe oer de ekonomyske gefolgen fan de coronakrisis foar it gebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)