Liveblog
|
29 septimber 2020
Coronanijs 29 septimber: Ofrûne 24 oeren 69 nije coronabesmettings yn Fryslân
Yn dit liveblog hâlde wy jo op 'e hichte fan it lêste coronanijs yn Fryslân en de rêst fan it lân.
Lêst bywurke: 30 septimber 2020, 08:31
22:14
Ein fan dit liveblog: woansdei is der wer in nije
Oant sa fier dit coronaliveblog fan tiisdei 29 septimber. Woansdei is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.
21:32
Survento Fanfare Festival yn Surhústerfean fan de baan
It Survento Fanfare Festival yn Surhústerfean is skrast. It festival stie foar 14 novimber op de planning en soe hâlden wurde un De Lantearne. "De beslissing is met pijn in het hart genomen. Het bestuur hoopte lange tijd dat het festival in aangepaste vorm zou kunnen plaatsvinden," hat it bestjoer witte litten. De organisaasje wie yn petear mei de gemeente Achtkarspelen.
"Door de strengere maatregelen zullen de deelnemende orkesten zich niet goed kunnen voorbereiden op hun deelname aan het festival. Gezien de huidige ontwikkelingen is het nog volstrekt onduidelijk of de genomen maatregelen binnen de komende zes weken versoepeld zullen worden en het is maar de vraag of de dan geldende maatregelen genoeg openingen bieden voor het organiseren van het festival," sa skriuwt de organisaasje.
21:19
De hoarekaplysje fan Ljouwert hat te krijen mei in nije situaasje
21:18
Oerol komt woansdei mei nijs oer Oerol Upcoming
21:17
Nije subsydzjeregelingen provinsje
21:16
Terrassen yn Ljouwert
21:07
Mear dúdlikens oer 'Kleintje CityProms' Ljouwert folget noch
20:55
Tresoar nimt wer strangere tagongsmaatregels
Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar hat besletten foarearst minder besikers ta te litten yn it gebou oan it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.
Yn neifolging fan de oanskerpe maatregels tsjin it COVID-19 firus hawwe wy spitigernôch beslute moatten om foarearst minder besikers ta te litten yn ús gebou. Studinten en ûndersikers moatte reservearje. Foar de útstallingen yn Tresoar is reservearje net nedich. De útstalling 'Frysk Libben Erfgoed' yn Obe hat Tresoar fuortendaalks slute moatten. En de publyksaktiviteiten oant 25 oktober 2020 geane net troch.
Tresoar nimt letter noch in beslút oer de aktiviteiten dy't nei 25 oktober op de planning steane.
18:42
Fryslân passet him oan: fûstkje is al net mear normaal
As ien ding dizze dagen dúdlik wurden is, dan is it wol dat we noch net fan it coronafirus ôf binne. En dus net ek net fan de maatregels om dat firus tsjin te gean. Mar wat docht dat no mei de minsken en mei it moed? Vera Veerman is direkteur fan Synaeda, in ynstelling foar spesjalistyske geestlike sûnenssoarch. Sy seit dat it hiel ferskillend is: "Mensen zijn zich er wel van bewust dat we nog niet van het coronavirus af zijn. In Fryslân krijgen we er ook steeds meer mee te maken. Eerst was het echt schrikken en had het impact, maar eigenlijk slijt er ook al redelijk snel nieuw gedrag in. Elkaar een hand geven is bijvoorbeeld al echt niet meer normaal. Dus zulke gedragingen daar wennen we ook wel weer aan. Tot op zekere hoogte lukt het ons ook. Natuurlijk verslapt het ook, in de zomervakantie waren we meer vrij. Maar daarom is het des te belangrijk om er nu weer wat meer bewust van te worden."
It slagget wól om digitaal in bân op te bouwen mei pasjinten
It hat neffens har wol grutte gefolgen. "We hebben ook een locatie in Dokkum, daar zeiden bijvoorbeeld mensen sneller een behandeling af. Er is heel lang het idee geweest in de geestelijke gezondheidszorg als behandelaar, psychiater of psycholoog dat het moeilijk zou zijn om een band op te bouwen met een patiënt via de digitale weg. Daar zat een taboe op. Maar toen moesten we er toch aan geloven, over de schroom heen en nu zien we dat er toch oplossingen gevonden worden en dat het toch lukt. Het vergde wel een enorme omslag, zowel van medewerkers als van patiënten. Iedereen heeft wel begrip voor de maatregelen zoals ze er zijn," fertelt Veerman.
18:31
Fentilaasje by mear as de helte fan de skoallen noch net op oarder
Uterlik op 1 oktober moatte basisskoallen en skoallen yn it foartset ûnderwiis harren personiel en learlingen witte litte hoe't it der foar stiet mei de fentilaasje. Op basis fan dy ynformaasje wurdt besjoen oft in skoalle alles goed op oarder hat of dat der oanpassingen komme moatte.
Lês hjir it folsleine ferhaal:
18:05
Wer in nij haadstik yn it coronaboek foar de ûndernimmers yn Balk
De kroech moat om 22.00 ticht, kappers moatte klanten registrearje en supermerken moatte in oerke winkelje foar de kwetsbere groep organisearje. Nei tiisdei 18.00 oere geane al dizze regels ien foar ûndernimmers. It is de safolste klap foar minsken mei in eigen saak. Yn Balk sykje de ûndernimmers dan ek nei in oplossing foar de regels. "We beune troch," seit Siep Reijenga fan in kroech. "Mar leuk is oars."
Lês hjir it folsleine ferhaal:
17:39
Undúdlikens oer brulloften
Der is noch ûndúdlikens oer it tal minsken dat by in brulloft wêze mei. Binne it der no mar fjouwer? Feesten en partijen mei mear as fjouwer minsken meie net plakfine, seit de oerheid. Mar by eveneminten dy't binnen binne meie wol 30 gasten komme. Ek foar de Ljouwerter weddingplanner Maria van Tuinen is it noch net wis. "Het is voor ons nog wel onduidelijk. We zijn geschrokken, want het zijn best wel strenge maatregelen. Ik heb vanochtend met het RIVM gebeld, zij zeiden dat er helemaal niet meer getrouwd kan worden."
"Verdrietig voor al die mensen die uitkijken naar de grote dag"
Sels hie Van Tuinen noch wol wat brulloften op de planning. Mar de fraach is wat dêr noch fan trochgiet. "Ik had zelf in oktober nog twee bruiloften die vast stonden, plus nog enkelen die het nieuws nog wilden afwachten. Ik heb wel met het RIVM gesproken, zij hebben het over vier personen. Maar als we onder horeca zouden vallen, zouden er 30 mensen binnen en 40 mensen buiten. Er komt deze week nog een noodverordening voor, dus het is nog onzeker allemaal. De bruidsparen zijn erg geraakt, het staat duidelijk op de website dat bruiloften en personeelsuitjes niet toegestaan worden. Daar wordt je wel onzeker van. Het is verdrietig voor al die mensen die uitkijken naar de grote dag. Helemaal omdat het bij sommigen al eens eerder uitgesteld is."
Stichting Trouwbranche hat tegearre mei Perfect Wedding in ûndersyk dien litten. Van Tuinen: "Zo'n 63 procent van de trouwleveranciers denkt het einde van het jaar niet te halen als het zo doorgaat. U kunt zich voorstellen: een trouwauto kan niet snel ergens anders voor worden ingezet. Zo geldt dat voor heel veel leveranciers. Ik heb er gelukkig een andere baan naast, maar er zijn genoeg weddingplanners die dat niet hebben. We willen echt wel rekening houden met de maatregelen, maar we willen ook ruimte om de trouwerijen te blijven organiseren."
17:34
Teäter Snits: "We hebben een GO"
It teäter yn Snits hat ek berjocht krigen dat de foarstellingen trochgean kinne. It teäter lit op Facebook witte: "Goedgekeurd! Het was spannend vandaag, maar we kregen zojuist het verlossende bericht dat we voorlopig zijn ontheven van de maatregelen die gisteren zijn afgekondigd. Dat betekent dat onze voorstellingen vooralsnog gewoon door kunnen gaan! We hebben een GO. Tot gauw!"
17:19
Tryater: "De vraag is: hoe lang kunnen we het aan?"
Saaklik direkteur Valentijn Fit fan Tryater fertelt dat de nije maatregels benammen efter de skermen gefolgen hawwe foar it teäterselskip. "Het raakt ons vooral in onze interne bedrijfsvoering, op dit moment nog niet in de projecten die we uitvoeren. We reizen op dit moment ieder weekend door Fryslân, maar deze voorstelling It gelok fan Fryslân is zo gemaakt dat het helemaal coronaproof is. Zelfs onder de zwaarste coronamaatregelen, omdat bezoekers individueel met een koptelefoon wandelen en genoeg afstand kunnen houden. We proberen nu zoveel mogelijk thuis te werken, maar er zijn ook delen van het bedrijfsproces waar dat minder goed kan. Er wordt gerepeteerd voor een nieuwe voorstelling door twee spelers en een regisseuse. Dat is lastig om via Zoom te doen. Dus die processen gaan door in ons pand, maar de rest werkt thuis. De mensen die aan de publiciteit of de financiële administratie werken bijvoorbeeld."
Planning oant de krystfakânsje
De oare produksjes dy't op dit momint noch spylje, binne foarearst oant de krystfakânsje útset. "De andere producties spelen we op scholen, daar hanteren we het protocol van het onderwijs. We denken dat we dat goed kunnen doen. We kijken ongeveer tot de kerstvakantie. Daarna begint een nieuwe productie waarbij we moeten kijken wat er dan kan. We hebben een groot project in het voorjaar. We willen dat ook coronaproof maken, maar het ziet ernaar uit dat we wel minder bezoekers kunnen herbergen. Financieel is het een flinke aderlating. Intussen hebben we wel wat kunnen bezuinigingen en we worden ook als een Rijksinstelling gesteund door de minister. Daardoor kunnen we minder publieksaantallen aan. Maar de vraag is: hoe lang kunnen we het aan?"
17:01
Wat fine Ljouwerters fan de nije maatregels?
Der is in soad te dwaan om de nije maatregels tsjin de fersprieding fan it coronafirus. Sûnder maatregels giet dy fersprieding te hurd, sei premier Mark Rutte maandag. No moatte mear minsken thúswurkje, meie sportferieningen gjin taskôgers mear ûntfange en moat alle hoareka om 22.00 oere ticht. Mar wat fine de minsken op strjitte yn Ljouwert derfan? Auke Zeldenrust socht it út:
16:36
Protokollen leine klear, mar Alvestêdehal en Aris moatte wer rap omskeakelje
Ferskate ferieningen, organisaasjes en ynstânsjes hiene krekt de draaiboeken en protokollen klear om harren wer ta te rieden op mear taskôgers. Sa ek basketbalklup Aris en de Alvestêdehal yn Ljouwert. Foar harren betsjutte de nije maatregels wer efkes rap omskeakeljen. Lês dêr hjir mear oer:
16:10
Plien & Bianca meie yn De Lawei spylje
De útferkochte foarstellingen fan it kabaretduo Plien & Bianca tiisdei en woansdei yn skouboarch De Lawei yn Drachten kinne trochgean. Dat meldt direkteur Stef Avezaat fan De Lawei oan Omrop Fryslân.
Nei de oankundiging moandei fan de nije coronamaatregels wie it foar De Lawei net dúdlik wat der barre soe. Se hiene in ultimatum oan de Veiligheidsregio Fryslân steld. Foar trije oere tiisdeitemiddei woe Avezaat witte oft de foarstellingen trochgean koene sa't se pland wiene, mei 240 besikers. Dêr is grien ljocht foar kaam. Hoe't it fierder de kommende trije wiken komt, wit Avezaat noch net.
16:07
Gemeente Ljouwert freget ynwenners wat sy fine
14:27
69 nije coronagefallen
Der binne yn Fryslân de ôfrûne 24 oeren 69 nije coronabesmettings meld. Dat meldt GGD Fryslân. 29 dêrfan binne fêststeld yn Ljouwert. Sjoch ús dossierside foar in oersjoch fan alle sifers yn de provinsje.
14:18
Lanlike sifers RIVM
Der binne ôfrûne wike lanlik 19.326 nije coronabesmettings meld. Dat hat it RIVM tiisdeitemiddei bekend makke. De wike derfoar kamen der yn Nederlân 13.471 by.
14:10
Gearkomste It Fryske Gea skrast
It Fryske Gea hat yn ferbân mei de nije coronamaatregels har ledegearkomste annulearre. Dy soe jûn yn it kongressintrum yn Drachten hâlden wurde. De nije maatregels gean jûn om 18.00 oere yn en it is neffens It Fryske Gea te koart dei om de gearkomste goed en feilich yn te rjochtsjen. Op de aginda stie ûnder oare de foardracht fan Janny Vlietstra as nije foarsitter fan de natuerbeskermingsorganisaasje.
13:56
Amateurfuotbal giet troch
It amateurfuotbal giet gewoan troch, ek no't de kommende trije wiken gjin publyk tastien is en de kantines ticht bliuwe moatte. It KNVB fynt it wichtich dat der sport wurde kin. Nei de parsekonferinsje moandei waard der sprutsen oer it mooglik stillizzen fan de amateurkompetysjes, mar tiisdei besleat it KNVB dat alle kompetysjes trochgean.
It bûn hopet de klups woansdei mear dúdlikens jaan te kinnen oer wat dit krekt betsjut. De oerheid hat al witte litten dat de ridende âlden fan bern oant en mei 17 jier by de útwedstriden wól it terrein fan de tsjinstanner op meie, de âlden fan it thússpyljende jongereinteam net.
It KNVB en sportkoepel NOC*NSF hoopje dat de oerheid mei finansjele kompensaasje of stipe komt foar sportferienings, no't sy ynkomsten misrinne om't harren kantines ticht binne.
13:51
Learling Linde College besmet
In learling fan it Linde College yn Wolvegea is posityf test op it coronafirus. De learling wie nei 18 septimber út foarsoarch al thús en hat dêrtroch neffens de skoalle goed in wike gjin kontakt hân mei klasgenoaten, oare learlingen en meiwurkers fan de skoalle.
"De GGD heeft ons uitgebreid geïnformeerd en geadviseerd over deze situatie", seit rektor Jan Osinga. De skoalle bliuwt neffens him gewoan iepen en de lessen gean troch neffens planning. De GGD fiert boarne- en kontaktûndersyk út.
13:10
Lanlike maatregels
GGD Fryslân is bliid dat ús provinsje folget yn de nije lanlike maatregels fan it kabinet yn de striid tsjin it coronafirus. De sûnensynstânsje warskôget al wiken foar de risiko's by sportklups en yn de hoareka en wol dat der yngrypt wurdt no't de situaasje hjir noch net út de hân rûn is. "We zien in Fryslân de laatste dagen ook duidelijk een toename, een hele steile lijn naar boven", seit arts-ynfeksjesyktebestriding Everhard Hofstra fan GGD Fryslân.
11:28
Basketbalkompetyjse giet troch
De wedstriden fan Aris yn de Dutch Basketball League sette kommend wykein gewoan útein, nettsjinsteande de nije coronamaatregels dy't bepale dat der gjin publyk oanwêzich wêze mei by de wedstriden. Dat meldt de basketbalklup. Aris livestreamt de wedstriden, sadat fans de wedstriden wol sjen kinne. De klup nimt it sneon 3 oktober op tsjin The Hague Royals.
11:15
Kultuersektor freget om frijstelling
Teäters, bioskopen en konsertpoadia hawwe in grut probleem as ek foar harren jildt dat maksimaal 30 persoanen tagelyk de seal yn meie. De Vereniging van Schouwburg- en Concertgebouwdirecties (VSCD) hat tiisdeitemoarn in brief skreaun oan de foarsitter fan it Veiligheidsberaad, de boargemaster Hubert Bruls fan Nijmegen. Dêryn freegje se triuwend om in frijstelling foar alle sealen dy't in goed coronaprotokol hawwe.
Yn de parsekonferinsje moandeitejûn waard sein dat "zalen van cultureel belang" mear as 30 minsken ûntfangen bliuwe meie. Mar dat ropt fragen op. "Dit alles doet vermoeden dat het de bedoeling van het Rijk is dat de Veiligheidsregio's gaan bepalen wat panden van (groot) cultureel belang zijn om hen ontheffing te kunnen verlenen. Indien u dat anders ziet horen we dat graag", seit de VSCD.
Mocht it yndie sa wêze dat de Feilichheidsregio's dat bepale dan is der "een groot en acuut probleem". Foar 18.00 oere fan 'e jûn moat dúdlik wêze wat minsken mei harren kochte kaartsje oan moatte. Yn de sealen binne protokollen fan krêft dy't in feilich besite garandearje kinne, skriuwt de VSCD. Dêrom freget de sektor mei klam dat der tiisdeitemoarn besletten wurdt de sealen frij te stellen fan beheining ta 30 minsken.
11:03
It reint ôfmeldings yn de troubrânsj
De troubrânsj stiet opnij ûnder druk. Sûnt de bekendmakking fan de nije coronaregels reint it ôfmeldings, docht bliken út in rûngong. Weddingplanners merke dat der massaal ôfsein wurdt. Der stiene foar de kommende wiken wol brulloften pland, dy't earder al ferskood wiene rjochting dizze tiid fan it jier. Dêrfan wurde no lykwols dochs noch in soad annulearre.
Yn de yntelliginte lockdown earder dit jier waard skatten dat it omsetferlies foar de sektor tsjin de ein fan it jier oprûn wêze soe oant 675 miljoen euro. Dêrby soene tûzenen banen ferlern gean, foar in grut part zzp'ers dy't yn de brânsj aktyf binne.
10:08
HEMA wegeret klanten sûnder mûlkapke net
HEMA sil klanten dy't gjin mûlkapke drage net wegerje. Neffens de winkelketen is it net oan winkellju om sokke maatregels ôf te twingen. HEMA riedt klanten yn line mei it oerheidsbelied yn de grutte stêden lykwols wol oan om allinnich de winkel yn te gean mei in mûlkapke om. Yn dy fêstigings wurdt it foar personiel ek ferplicht om in kapke te dragen.
Op de parsekonferinsje moandeitejûn krigen winkelklanten yn grutte stêden lykas Amsterdam en Rotterdam it advys om mûlkapkes te dragen. It is gjin ferplichting, mar winkellju meie fan de oerheid wol klanten wegerje dy't gjin kapke drage.
09:45
Hoe sit it mei maatregels foar houliken?
In soad maatregels foar de hoareka en iepenbiere romten, mar hoe sit it mei brulloften? It antwurd hinget fan de gearkomste ôf. In houliksselskip, dus breidspear mei gasten, mei yn prinsipe mar út fjouwer minsken bestean. Bern oant en mei 12 jier telle net mei. Om't der minimaal twa tsjûgen fan 18+ nedich binne by in houlik, is de gastelist dan al fol.
Dat jildt foar alle feestjes. Partijen fan mear as fjouwer persoanen, bygelyks ta gelegenheid fan in houlik, jierdei, jubileum, berte of personielsfeestje binne net tastien. Dat jildt sawol binnen as bûten.
Dochs is der in útsûndering: by in tsjerklik houlik jildt der in maksimum fan 30 persoanen. Dat hat mei de grûnrjochtlike frijheden fan godstsjinst en fan feriening te krijen. Wol moat der genôch ôfstân hâlde wurde, moat eltsenien in fêst sitplak hawwe en moatte gasten har registrearje en in sûnenstsjek dwaan.
09:01
6,5 miljoen sjoggers
De coronaparsekonferinsje fan premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge hat moandei mei tsjin de 6,5 miljoen sjoggers hast twa kear sa folle minsken lutsen as de foarige, oardel wike lyn. Doe stimden 3,6 miljoen minsken ôf op de nijste ûntwikkelings om it coronafirus hinne.
09:58
Mearderheid OMT woe lanlike maatregels
In mearderheid fan de leden fan it Outbreak Management Team hie it better fûn as de regionale oanpak fan de coronakrisis hielendal ferfongen wie troch lanlike maatregels. Dat seit Andreas Voss, heechlearaar ynfeksjeprevinsje en lid it fan it OMT, tsjin de NOS.
Neffens Voss wiene de leden ferdield oer de kwestje. It kabinet keas der moandei foar om, neist inkelde lanlike maatregels, ûnderskied meitsjen te bliuwen tusken ferskillende regio's. "Voor de duidelijkheid van de burger had ik het op prijs gesteld als iedereen achter één beleid staat", sei Voss yn Nieuwsuur.
08:55
Hoareka rint soad omset mis
De nije coronamaatregels dy't tiisdeitejûn yngean, smite in soad beheinings op foar de hoareka. It is de safolste tsjinslach yn in tiid wêryn't de hoareka hieltyd rekke wurdt. "Iedereen baalt vreselijk", seit eigener Baukje de Vries fan Ierske pub Paddy O'Ryan yn de Ljouwerter binnenstêd.
Yn ferliking mei bygelyks de kroegen yn de Doelesteech falt de skea foar De Vries noch ta. "Dan mag ik nog in mijn handen knijpen, want daar kun je niks!" Foar Paddy's is it lykwols ek in flinke klap. "Zeventig procent van mijn omzet komt uit de drank en dat is vooral in de avonduren. Het grootste deel van mijn omzet draai ik tussen 20.00 en 0.00 uur."
08:40
Harkemase Boys finansjeel yn 'e knipe
It is in nije klap foar it amateurfuotbal. De kommende trije wiken mei der gjin publyk mear by de wedstriden wêze. Ek moat de kantine ticht. Foar in klup as Harkemase Boys is dat in grut drama. Sy binne ôfhinklik fan de ynkomsten út kaarten en de kantine. "Dat kaam wol even binnen", seit foarsitter Sippe Heeringa.
"Wy binne enoarm teloarsteld", leit Heeringa út. "Wy binne sûnt maart dwaande om it hiele park coronaproof te meitsjen. De kantine, de yngongen, de tafels, der binne tinten hierd, de tribunes binne ôfsetten en bespuite." Der is foar tûzenen euro's ynvestearre. "En no hawwe we dat foar neat dien."
08:30
Wolkom by dit liveblog
Goeiemoarn en wolkom by dit liveblog fan tiisdei 29 septimber. Yn dit liveblog hâlde wy jo op 'e hichte fan it lêste coronanijs yn Fryslân en de rêst fan it lân. Hjir kinst it liveblog fan moandei 28 septimber weromfine.
Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en foar elke gemeente op www.omropfryslan.nl/corona. De sifers wurde alle dagen aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it Fryske coronanijs.