Liveblog | 29 septimber 2020

Coronanijs 29 septimber: Ofrûne 24 oeren 69 nije coronabesmettings yn Fryslân

Yn dit liveblog hâlde wy jo op 'e hichte fan it lêste coronanijs yn Fryslân en de rêst fan it lân.
Lêst bywurke: 30 septimber 2020, 08:31
22:14

Ein fan dit liveblog: woansdei is der wer in nije

Oant sa fier dit coronaliveblog fan tiisdei 29 septimber. Woansdei is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.
21:32

Survento Fanfare Festival yn Surhústerfean fan de baan

It Survento Fanfare Festival yn Surhústerfean is skrast. It festival stie foar 14 novimber op de planning en soe hâlden wurde un De Lantearne. "De beslissing is met pijn in het hart genomen. Het bestuur hoopte lange tijd dat het festival in aangepaste vorm zou kunnen plaatsvinden," hat it bestjoer witte litten. De organisaasje wie yn petear mei de gemeente Achtkarspelen.
"Door de strengere maatregelen zullen de deelnemende orkesten zich niet goed kunnen voorbereiden op hun deelname aan het festival. Gezien de huidige ontwikkelingen is het nog volstrekt onduidelijk of de genomen maatregelen binnen de komende zes weken versoepeld zullen worden en het is maar de vraag of de dan geldende maatregelen genoeg openingen bieden voor het organiseren van het festival," sa skriuwt de organisaasje.
© Survento Fanfare Festival
21:19

De hoarekaplysje fan Ljouwert hat te krijen mei in nije situaasje

21:18

Oerol komt woansdei mei nijs oer Oerol Upcoming

21:17

Nije subsydzjeregelingen provinsje

21:16

Terrassen yn Ljouwert