Coronanijs 29 septimber: Ofrûne 24 oeren 69 nije coronabesmettings yn Fryslân

29 sep 2020 - 21:34
22:14
Ein fan dit liveblog: woansdei is der wer in nije

Oant sa fier dit coronaliveblog fan tiisdei 29 septimber. Woansdei is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.

21:32
Survento Fanfare Festival yn Surhústerfean fan de baan

It Survento Fanfare Festival yn Surhústerfean is skrast. It festival stie foar 14 novimber op de planning en soe hâlden wurde un De Lantearne. "De beslissing is met pijn in het hart genomen. Het bestuur hoopte lange tijd dat het festival in aangepaste vorm zou kunnen plaatsvinden," hat it bestjoer witte litten. De organisaasje wie yn petear mei de gemeente Achtkarspelen.

"Door de strengere maatregelen zullen de deelnemende orkesten zich niet goed kunnen voorbereiden op hun deelname aan het festival. Gezien de huidige ontwikkelingen is het nog volstrekt onduidelijk of de genomen maatregelen binnen de komende zes weken versoepeld zullen worden en het is maar de vraag of de dan geldende maatregelen genoeg openingen bieden voor het organiseren van het festival," sa skriuwt de organisaasje.

Foto: Survento Fanfare Festival
20:55
Tresoar nimt wer strangere tagongsmaatregels

Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar hat besletten foarearst minder besikers ta te litten yn it gebou oan it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

Yn neifolging fan de oanskerpe maatregels tsjin it COVID-19 firus hawwe wy spitigernôch beslute moatten om foarearst minder besikers ta te litten yn ús gebou. Studinten en ûndersikers moatte reservearje. Foar de útstallingen yn Tresoar is reservearje net nedich. De útstalling 'Frysk Libben Erfgoed' yn Obe hat Tresoar fuortendaalks slute moatten. En de publyksaktiviteiten oant 25 oktober 2020 geane net troch.

Tresoar nimt letter noch in beslút oer de aktiviteiten dy't nei 25 oktober op de planning steane.

De stúdzjeseal fan Tresoar yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
18:42
Fryslân passet him oan: fûstkje is al net mear normaal

As ien ding dizze dagen dúdlik wurden is, dan is it wol dat we noch net fan it coronafirus ôf binne. En dus net ek net fan de maatregels om dat firus tsjin te gean. Mar wat docht dat no mei de minsken en mei it moed? Vera Veerman is direkteur fan Synaeda, in ynstelling foar spesjalistyske geestlike sûnenssoarch. Sy seit dat it hiel ferskillend is: "Mensen zijn zich er wel van bewust dat we nog niet van het coronavirus af zijn. In Fryslân krijgen we er ook steeds meer mee te maken. Eerst was het echt schrikken en had het impact, maar eigenlijk slijt er ook al redelijk snel nieuw gedrag in. Elkaar een hand geven is bijvoorbeeld al echt niet meer normaal. Dus zulke gedragingen daar wennen we ook wel weer aan. Tot op zekere hoogte lukt het ons ook. Natuurlijk verslapt het ook, in de zomervakantie waren we meer vrij. Maar daarom is het des te belangrijk om er nu weer wat meer bewust van te worden."

It slagget wól om digitaal in bân op te bouwen mei pasjinten

It hat neffens har wol grutte gefolgen. "We hebben ook een locatie in Dokkum, daar zeiden bijvoorbeeld mensen sneller een behandeling af. Er is heel lang het idee geweest in de geestelijke gezondheidszorg als behandelaar, psychiater of psycholoog dat het moeilijk zou zijn om een band op te bouwen met een patiënt via de digitale weg. Daar zat een taboe op. Maar toen moesten we er toch aan geloven, over de schroom heen en nu zien we dat er toch oplossingen gevonden worden en dat het toch lukt. Het vergde wel een enorme omslag, zowel van medewerkers als van patiënten. Iedereen heeft wel begrip voor de maatregelen zoals ze er zijn," fertelt Veerman.

Vera Veerman, direkteur fan Synaeda

Foto: Shutterstock.com (Martin Lauge Villadsen)
18:31
Fentilaasje by mear as de helte fan de skoallen noch net op oarder

Uterlik op 1 oktober moatte basisskoallen en skoallen yn it foartset ûnderwiis harren personiel en learlingen witte litte hoe't it der foar stiet mei de fentilaasje. Op basis fan dy ynformaasje wurdt besjoen oft in skoalle alles goed op oarder hat of dat der oanpassingen komme moatte.

Lês hjir it folsleine ferhaal:

Foto: Shutterstock.com (ungvar)
Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)