Kollum: "Stilberte: it nea ferlerne bern"

29 sep 2020 - 08:30

"Ast jong bist, stiest der net by stil. De frou of de freondinne is yn ferwachting en jo, as partner, soargje foar de bêst mooglike omstannichheden dêr't de poppe him of har yn oantsjinje kin. De tinzen en de takomst draaie om libben, net om dea. Dochs is dat nij libben net in fanselssprekkendheid. Dat besef krige ik mei de befalling fan ús earste. Der wiene komplikaasjes dy't dat nij libben slim kritysk makken. Gelokkich betearde it allegear goed, mar dêrnei wie it dien mei de wissichheid dat alles altyd goed ferrinne sil.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Tefolle âlders moatte meimeitsje dat berte soms ferlies betsjut. Dat in berntsje wilens de swangerskip gjin herteklop mear hat, of mei de befalling weirekket. Soks is it grutste ferlies datst as âlder meimeitsje kinst. De pine is amper te fetsjen, it takomstbyld is fuort en gelok is op slach feroare yn fertriet. Dat komt om't in poppe, lang foar't dy berne wurdt, der al by heart. Dy makket de famylje folslein, hat him of har al yn it hert fan de âlders nestele. In unyk plak, ek al is it in stilberte.

Der hat in tiid west dat sokke stjerbertes weimoffele waarden. Dat in mem it popke net iens te sjen krige, gjin ôfskie nimme koe. Krekt as hie it noait bestien. Foar 2019 wie dat foar de wet ek konkreet sa. As âlder fan in stilberne poppe moatst dy oanjaan by it befolkingsregister. Mar it koe net byskreaun wurde yn de BRP, de Bevolkingsregistratie Personen. It berntsje bestie yn hert en ûnthâld, mar net foar de wet. Der wie in petysje en in wetswiziging foar nedich om dat te feroarjen, dat sûnt febrewaris 2019 kinne stilberne poppen offisjeel registrearre wurde.

Foar in protte âlders is de sirkel dêrmei rûn. Dat jildt ek foar de famylje Van Hall út Aldegea. Dy harren soan wie 45 jier lyn libbenleas op de wrâld kaam. Yn harren syktocht nei bewiisstikken foar de berte om it bern registrearje te litten, kamen se in monumint foar stilberne poppen tsjin. Dat wie nei't se him lang om let registrearje litten hiene yn it gemeentehûs fan Veghel. Dêrnei hiene se in besite brocht oan it tsjerkhôf dêr't harren soantsje begroeven is. It wie dêr dat se it monumint seagen en tochten: soks moat der ek yn Aldegea komme. Nei oerlis mei de gemeente fan de Sint-Agathatsjerke koe it heve: keunstner Roelie Woudwijk waard dejinge dy't it meitsje mocht. It tinkteken is in rûne, griene stien mei it gedicht 'Stilgeboren kind' dêrop.

De sirkel is rûn. In stilberne popke hat in heit en mem makke, en dy kinne harren bern no yn de Bevolkingsregistratie Personen opnimme litte. It hat der west en it is der noch. Yn hert, ûnthâld en yn de wet. Op ferskillende plakken is in monumint foar it nea ferlern bern. In stil tsjûgjen dat leafde noait stjert."

(advertinsje)
(advertinsje)