Skylge jout vouchers oan wenningeigeners foar ferduorsumjen huzen

29 sep 2020 - 07:21

Húseigeners op Skylge krije tiisdei in voucher fan 80 euro fan de gemeente. De geste is bedoeld om de huzen op it eilân enerzjysuniger te meitsjen. Mei de voucher krije se by in oantal eilanner ûndernimmers koarting op bygelyks radiatorfoly, dûbeld glês en ledlampen. Ek kinne se de koarting brûke foar in enerzjyscan.

Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Mei 80 euro makkest dyn hûs fansels net fuort folslein duorsum. It giet om in lyts bedrach dat bedoeld is foar lytsere besparrings. Wethâlder Sietze Haringa dielt tiisdei de earste voucher út. "We hebben gemerkt dat er belangstelling is voor verduurzaming op het eiland." Minsken krije de voucher thús opstjoerd, mei dêrby in boekje mei tips en suggestjes. De voucher kinne se yn winkels op it eilân besteegje. "Dat is altijd interessant, zo net voor de winter en het kouder worden van de dagen."

It jild komt fan it Ryk. "Het Rijk heeft de regeling uitgevaardigd en daar kon de gemeente op inschrijven", leit Haringa út. De gemeente Skylge krijt yn totaal 100.000 euro fan it Ryk foar dizze regeling.

Allinnich foar wenningeigeners

"In deze fase was dat alleen voor de woningeigenaren. Dat vonden wij wel jammer, want er zijn ook veel huurders die net zo goed een besparing kunnen gebruiken." Der komt nei alle gedachten in twadde ronde dêr't jild yn útdield wurdt. Haringa: "Daar wachten we met smart op." De gemeente wol dêryn ek gearwurkje mei de wenningboukorporaasje. "Wij willen zeker proberen die tweede ronde actief in te vullen."

De gemeente Skylge set ek yn op gruttere duorsumensynvestearrings. "Daar hebben we een groter eigen budget voor uitgetrokken en dat kan oplopen tot 1.000 euro. Daarvoor moet je wel wat grotere maatregelen treffen, zoals gevel- of dakisolatie."

Wethâlder Sietze Haringa

(Advertinsje)
(Advertinsje)