Foarsitter Harkemase Boys oer nije coronamaatregels: 'Foar neat tûzenen euro's ynvestearre'

It is in nije klap foar it amateurfuotbal. De kommende trije wiken mei der gjin publyk mear by de wedstriden wêze. Ek moat de kantine ticht. Foar in klup as Harkemase Boys is dat in grut drama. Sy binne ôfhinklik fan de ynkomsten út kaarten en de kantine. "Dat kaam wol even binnen", seit foarsitter Sippe Heeringa.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Wy binne enoarm teloarsteld", leit Heeringa út. "Wy binne sûnt maart dwaande om it hiele park coronaproof te meitsjen. De kantine, de yngongen, de tafels, der binne tinten hierd, de tribunes binne ôfsetten en bespuite." Der is foar tûzenen euro's ynvestearre. "En no hawwe we dat foar neat dien."
Heeringa is syn rie te'n ein: "Sûnder publyk fuotbalje moatte kaam al swier oan. Ast dan ek noch hearst dat de kantine minimaal trije wiken ticht moat, dan witst op 't lêst net mear wêr'tst it sykje moatst."

Wedstriid

Der wie hoop om wer wat jild op te heljen mei de bekerwedstriid tsjin Flevo Boys dy't op 'e planning stie. Dêrby wie 600 man publyk wolkom, mar dat kin no net mear. "Dat docht ekstra sear", seit Heeringa. "We hiene it plan dat elkenien sitte koe, op oardel meter. We soene 5 euro entree de man freegje om ús te stypjen. Dat wurdt dy no troch de noas board."
It fuotbaljen is net mear rendabel, neffens Heeringa. "We hawwe tiisdei in bestjoersgearkomste om alles nochris troch te rekkenjen, mar it kin net út." Ek as de klup beslút net troch te fuotbaljen, rinne de kosten op. "De fêste lesten bliuwe ek ast net fuotballest."
Foarsitter Sippe Heeringa fan Harkemase Boys