27-jierrige man oanhâlden mei 47 wikkels kokaïne yn syn besit

28 sep 2020 - 22:57

In 27-jierrige man sûnder fêst wenplak is ôfrûne freed oanhâlden foar it dealen yn harddrugs. De man waard oanhâlden nei't er yn meardere doarpen yn Noardeast-Fryslân dealde yn kokaïne. By de 27-jierrige waarden yn totaal 47 wikkels mei kokaïne fûn.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

Ek is der in grut jildbedrach troch de plysje yn beslach nommen. De fertochte is oerbrocht nei de sel en tsjin him wurdt in proses-ferbaal opmakke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)