IM easket 3,5 jier sel tsjin Snitser (62) yn No Surrender-proses

28 sep 2020 - 21:51

It Iepenbier Ministearje hat 3,5 jier sel easke tsjin de 62-jierrige man út Snits yn de saak tsjin de eardere lieders fan de motorklup No Surrender. De heechste eask is foar âld-captain Henk Kuipers (56) út Emmen. Hy moat as it oan it IM leit tolve jier de sel yn.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens it IM waard Kuipers troch de 62-jierrige Snitser ynskeakele om sakerelaasjes te yntimidearjen. Yn it ûndersyk kamen tappetearen nei foaren fan Kuipers wêryn't hy minsken opbelle dy't jild betelje moasten oan de Fries. Hy ûntkent dit lykwols. Neffens de offisier hat de Snitser bewust brûk makke fan it imago fan No Surrender en Kuipers om de relaasjes te yntimidearjen.

Tusken 5 en 8 oktober komme de advokaten fan de fertochten noch oan it wurd. De rjochtbank docht op 14 novimber útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)