Dit binne de nije maatregels tsjin it coronafirus

28 sep 2020 - 19:25

De hoareka moat om 22.00 oere ticht, der mei gjin publyk mear by sportwedstriden komme en thúswurkjen moat de noarm wurde. Dat binne in pear fan de nije lanlike maatregels tsjin de útwreiding fan it coronafirus. Dy geane tiisdei om 18.00 oere yn en jilde yn earste ynstânsje de kommende trije wiken.

Premier Rutte op de parsekonferinsje - Foto: ANP

De maatregels op in rige:

  • Hoareka yn hiel Nederlân moat om 22.00 oere ticht. It lêste oere meie der gjin nije gasten mear nei binnen;
  • By sporteveneminten is gjin publyk mear wolkom. Dat jildt foar prof- en amateursport;
  • Thúswurkjen wurdt stranger hanthavene. Wurkjouwers wurde oansprutsen op oertredingen en bedriuwen kinne twa wiken sletten wurde as se har net oan de regels hâlde;
  • Foar kontaktberoppen wurdt in registraasjeplicht ynfierd. Dat betsjut dat minsken de kontaktgegevens efter litte moatte by bygelyks de kapper;
  • Yn de supermerk meist allinnich noch mar nei binnen mei in winkelkarke, dat yn it foar ûntsmet wurdt;
  • Binnen meie groepen net grutter as 30 minsken wêze, bûten net grutter as 40 minsken. It kabinet freget minsken om thús net mear as trije minsken te ûntfangen (bern oant 13 jier falle dêr net ûnder)

De folsleine list stiet op de webside fan de Ryksoerheid.

Premier Rutte snapt dat de maatregels ferfelend binne: "Maar we moeten de pijn verdelen. Natuurlijk heeft dit grote economische gevolgen, maar we kunnen het virus niet opnieuw laten oplaaien."

It doel wie om dy maatregels earst allinnich yn te stellen foar stêden, mar dy jilde no oeral. Want de eksponinsjele groei fan it firus giet te hurd, seit minister Hugo de Jonge fan folkssûnens. "De treinen worden voller, het thuiswerken schiet er bij in. Het zijn niet alleen de jongeren, dan zien we terug in de cijfers. Onder de streep is het gewoon niet goed genoeg."

Tal besmettingen rint hurd op

Hurd yngripe is dêrom nedich, seit Rutte. Dat jildt benammen foar de grutte stêden, mar ek foar hieltyd mear oare regio's. "Het aantal besmettingen loopt zo snel op dat we dreigen achter het virus aan te lopen." Yn Fryslân wiene der moandei 74 nije besmettingen. Allinnich ôfrûne sneon wiene dat der mear, doe 80.

"We moeten helaas onze vrijheden beperken, zodat we ze niet hoeven in te leveren", seit De Jonge. "Het effect van wat we vandaag doen, zien we pas over een paar weken."

"Onder de streep is het niet genoeg", seit De Jonge. "Er zijn 100.000 mensen besmettelijk. Dat betekent: van elke 170 mensen die je tegenkomt kan er één je aansteken. We verwachten binnen een week een stijging naar 5000 besmettingen per dag, zelfs met de maatregelen die we vanavond aankondigen."

Sportkantines bliuwe ticht

"Zonder aanscherpingen in de sport kunnen het virus niet ver genoeg terugdringen", seit Rutte. "Alles samen leidt tot veel reisbewegingen en veel sociale contacten. Daarom de komende drie weken alle sport zonder publiek. Zowel amateursport als professioneel. En ook zonder biertjes, want ook de kantines blijven dicht."

Regels wurkje allinnich as minsken har dêroan hâlde, seit Rutte: "Als je een winkel of een café hebt, dan heb je ook de verantwoordelijkheid dat de regels worden nageleefd. Als je klant bent, heb je de verantwoordelijkheid om de regels na te nemen. Vervolgens is het aan de burgemeesters om in te grijpen als dat moet. Die zullen niet aarzelen om dat te doen. maar het is nog beter dat het niet zover komt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)