Soargen oer toerisme by Merk Fryslân: "Wy hâlde ús hert fêst"

Nederlân ferwachtet dit jier goed 70 prosint minder bûtenlânske besikers te ûntfangen as ferline jier. Dit jier soe it stykjen bliuwe op 7 miljoen. No't der wer nije maatregels komme, is it noch mar de fraach oft dat überhaupt wol helber is. Martin Cnossen fan Merk Fryslân hâldt syn hert fêst, mar dan benammen om it útbliuwen fan besites fan binnenlânske besikers.
Winsum © Omrop Fryslân, Aise van Beets
"Fryslân is wat minder ôfhinklik fan bûtenlânsk toerisme", seit Martin Cnossen fan Merk Fryslân. "Yn bygelyks Amsterdam is de bûtenlânske toerist in stik belangriker. Dus yn dy sin bliuwt Fryslân yn positive sin efter by dizze sifers."
Neffens him is Fryslân yn it foarjier noch ien fan de positive útsjitters. "De simmer wie better as we hope hiene. Nettsjinsteande dat 30 persint fan de Nederlanners minder op paad gie, hawwe we dêr yn Fryslân neat fan fernommen. Dêr sjochst dúdlik yn dat Fryslân der wol útspringt, om't it hjir foar it gefoel folle feiliger wie."

Nije maatregels

It kabinet sil moandeitejûn nije coronamaatregels oankundigje en dy lykje der net goed út te sjen foar de toerismesektor. "As it trochgiet sa as it no liket mei de maatregels dan is dat in drama foar de sektor", seit Cnossen. "We krije noch hiel wat foar de kiezen. Ik hoopje dat wat no útlekt is, echt allinnich mar foar trije wiken is."
"As dit soarte fan maatregels yn de hjerstfakânsje noch jilde, dan wurdt it wol lestich", seit Cnossen. "Wy hâlde ús hert wol wer in bytsje fêst."
Martin Cnossen fan Merk Fryslân