Njoggen coronabesmettingen by Talant Wonen De Wynbrekker Damwâld

By Talant Wonen De Wynbrekker yn Damwâld binne acht kliïnten en ien meiwurker posityf test op it coronafirus. Der is fuortendaliks in besikersstop ynsteld. "Een ontzettend vervelende situatie" seit Matthijs Bergsma, wurdfierder fan Alliade dêr't Talant ûnder falt.
Talant De Wynbrekker yn Damwâld © Google Street View
De bewenners fan de lokaasje binne wêr nedich yn isolaasje pleatst of wurde troch groepsferpleging fan soarch foarsjoen. De GGD Fryslân is fuortendaliks mei in boarne- en kontaktûndersyk úteinset. De famyljeleden en oare kontakten dy't oant no ta yn byld binne, binne fuortendaliks ynformearre.