Issa Kallon oer ynteresse: "Er speelt wel wat"

28 sep 2020 - 16:59

De grutte man oan de kant fan SC Cambuur wie freed Issa Kallon. Hy skoarde fjouwer kear tsjin Jong FC Utrecht. Yn de Sportcast prate we mei de Cambuur-oanfaller. We prate ûnder oare oer ynteresse fan oare klups: "Er speelt wel wat." We prate ek oer it sukses fan SC Hearrenfean, dat nei trije wedstriden boppe-oan stiet. En we prate mei assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra oer de diskusjes oer de VAR en de handsbal-regel.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Ynteresse foar Issa Kallon

Issa Kallon is te gast yn de Sportcast. Hy makke freed fjouwer goals tsjin Jong FC Utrecht. "Daar ben ik natuurlijk heel blij mee. Je ziet dat ploegen zich nu meer ingraven tegen ons. Dan is het wel fijn dat we vijf keer scoren." Arjen de Boer stelt Kallon noch de fraach oft der noch wat spilet wat ynteresse fan oare klups oanbelanget. "Ik kan me bijvoorbeeld voorstellen dat een club als Heracles jou wel kan gebruiken voor Van der Water." Kallon: "Ik heb wel wat geluiden gehoord dat er wel wat speelt. Ik speel nu gewoon bij Cambuur. Er speelt wel wat. Het is niet Heracles, ik ga verder geen namen noemen, maar er speelt wel wat".

It sukses fan Hearrenfean

Hearrenfean hat in geweldige seizoensstart mei njoggen punten út trije wedstriden. De punten wurde wol sammele troch foaral counterfuotbal, sa fynt Arjen de Boer. "Ik snap dat je loert op de counter tsjin Willem II, mar is it net hiel earmoedich dat Hearrenfean foaral thús sa spilet? Counterfuotbal is net it soad fuotbal wêrmei't je it publyk fermeitsje en dat is wol ien fan de kearnwearden fan Hearrenfean."

Roelof de Vries snapt wol dat Hearrenfean no sa fuotballet. "Foaral sjoen de minne tarieding is it logysk dat Hearrenfean sa spilet. Mar is it no echt sa dat se counterfuotbal spylje? Se binne hiel goed yn de omskeakeling, mar it is ek net sa dat se mei de kont yn 'e goal hingje. Boppedat kin ik hjir ek wol fan genietsje."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)