Kramer hopet op grien ljocht foar 'reedrydbubbel': "It alderbelangrykste is dat we ride"

Der komt dizze wike nei alle gedachten mear dúdlikheid oer de 'reedrydbubbel' dy't op It Hearrenfean komme moat. It ynternasjonale bûn ISU sil de kommende dagen noch om tafel mei de ferskate partijen. Sven Kramer hopet dat der gau grien ljocht komt, sa sei de reedrider moandei by de ploegepresintaasje fan Jumbo-Visma.
Sven Kramer
Reedrider Douwe de Vries sit yn de atletekommisje fan de ISU en hy lei koartlyn út wat sa'n bubbel krekt wurde moat. "It is in lokaasje dêr't atleten relatyf feilich hinne kinne, dat soe dan op de iisbaan en yn in hotel wêze. Sy binne allinne tawiisd oan dy lokaasjes, dat jout gjin romte om noch frij rûn te reizgjen. Sa bliuwt hooplik de hiele groep feilich."
Kramer hat der alle fertrouwen yn dat de 'reedrydbubbel' op It Hearrenfean komme kin. "As alles de goeie kant op falt, wat ik tink, soe dat top wêze." De earste fjouwer wrâldbekerwedstriden yn Poalen, Noarwegen, Amearika en Kanada binne foarearst ôfsein, mar mooglik dus dat dizze riden wurde kinne yn Thialf. Kramer: "It makket my net út welke fariant der komt. It alderbelangrykste is dat we ride."
Om de 34-jierrige reedrider kin it wol heve. "Yn de simmer is elkenien der klear foar natuerlik. En ik ek, dus we sille it sjen. Foarich jier hie ik in hiel goed ein fan it seizoen. Dêr fersloech ik Patrick Roest en siet ik by Ted-Jan Bloemen fjouwer tsienden ôf fan de wrâldtitel. It sit der seker yn, mar it moat efkes de goeie kant op falle. En ik moat blessuerefrij bliuwe."
© Orange Pictures
It kommende reedrydjier is it seizoen foar de Olympyske Spelen. Dat is foar de sporters altyd in wichtich jier. Datselde jildt foar Kramer, dy't kommend seizoen al alles yn it teken stelle sil fan it grutste sportevenemint op de wrâld. "De Olympyske Spelen oer santjin moannen is foar my it alderbelangrykste. Alles stiet yn it teken dêrfan."
Fansels is it noch wichtiger om sûn te bliuwen en corona bûten de doar te hâlden. Dochs docht de Feanster saken net hiel oars. "Yn de winter bin ik superalert en besykje ik alles te mijen. Alle minsken dogge no miskien wol wat wy yn de winter altyd dogge om sa fit mooglik te bliuwen", beslút Kramer.