Man út Eastersee krijt wurkstraf foar mishanneling freondinne

In man út Eastersee hat in wurkstraf fan 60 oeren krigen omdat er syn freondinne meardere kearen mishannele hat. Hy hat har slein, by de kiel pakt, oan it hier lutsen en de hân op de mûle lein sadat se noch mar kwealik sykhelje koe.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertochte seit dat er dat dien hat omdat it slachtoffer hieltyd oer syn grinzen hinne giet. Njonken de wurkstraf moat de fertochte him melde by de reklassearring en moat er meiwurkje oan alkoholkontrôles en skuldhelpferliening.