Sterke man Kelvin de Ruiter pakt nij wrâldrekôr deadlift

Sterke man Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean hat yn Dútslân in nij wrâldrekôr op syn namme skreaun op it ûnderdiel deadlift.
Sterke man Kelvin de Ruiter pakt nij wrâldrekôr deadlift
Op in champions leaguewedstriid fan de sterkste man yn Dútslân ferbruts er it âlde wrâldrekôr deadlift, dat op 600 kilo stie. Mei 670 kilo pakte er dus in flink nij wrâldrekôr.
Hy waard twadde yn it einklassemint yn Dútslân.
De Ruiter, dy't oarspronklik út Noard-Hollân komt, wie yn 2019 al de sterkste man fan Nederlân wurden. Earder pakte hy ek al de wrâldtitel op it ûnderdiel frachtweinlûke en waard er al sterkste man fan Fryslân.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer