Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra op toernee: "Frysk kin mearwearde jaan"

28 sep 2020 - 15:49

Lida Dijkstra, skriuwster en ambassadeur van de Berneboekewike, giet dizze wike lâns basisskoallen yn Opsterlân om mei de bern te praten oer it skriuwen fan boeken en om harren foar te lêzen. It is om de Berneboekewike te fieren, dy't fan 30 septimber oant en mei 11 oktober is. It tema is 'En Doe'.

Foto: Afûk / Elske Roorda

De Berneboekewike is bedoeld om bern te stimulearjen om mear boeken te lêzen, en mei dat doel giet ek Lida Dijkstra dizze wike op 'en paad. "Ik bin mei in soart toernee dwaande troch Opsterlân, eltse dei kom ik op in oare skoalle. Dêr bin ik oan it foarlêzen, oan it ferhalen fertellen, mar ik beäntwurdzje ek fragen dy't bern hawwe. Ik kin se fansels oer de praktyk fan it skriuwen fertelle."

Hoe makkest in boek?

Neffens Dijkstra sit der in soad ferskaat tusken de protte fragen dy't steld wurde. "Jongere bern wolle witte hoe't boeken makke wurde, sy tinke sa no en dan dat ik op myn souder sit om de bledsiden oan mekoar te plakken. Aldere bern fine it bygelyks ynteressanter om te witten hoe'tst oan ynspiraasje komst, hoe komst oan ideeën, hoe kinst in boek spannend meitsje, dat soarte fan dingen. Ik jou se tips, en ferklap ek wat fan myn skriuwgeheimen."

Frysk jout mearwearde

Ek lêst se oan de bern foar. "Ik lês ekstra spannende, of just oangripende ferhalen foar. Dan kin it hiel stil wêze yn de klasse. Bygelyks it ferhaal oer Ruby Bridges, it earste brune famke op in wite skoalle dy't doe troch folwoeksenen bekûgele waard mei tomaten, mei de foto's en skilderijen komt de skiednis dan hiel ticht by." Se merkt dat, wannear't yn it Frysk foarlêzen wurdt, de bern der ekstra goed foar sitten geane. "Dat is harren taal en dan komt it hiel tichtby. In Frysk boek kin echt in mearwaarde jaan."

Ekstra foarsprong

Neffens de skriuwster is it stimulearjen fan bern troch folwoeksenen lykas âlden en leararen hiel wichtich. "Dat jout de bern echt in ekstra foarsprong. Sa no en dan hear ik dat bern gjin abonnemint op de biblioteek hawwe, dêr skrik ik dochs wol fan. It hoecht net dreech te wêzen om dat yn it deistich libben op te nimmen."

Lida Dijkstra, skriuwster en ambassadeur fan de berneboekewike

Yn gearwurking mei de Afûk jouwe we yn it radioprogramma De middei fan Fryslân alle dagen in berneboek fuort by de kwis 'oarsomom'. Alle boeken hawwe te krijen mei it tema fan de Berneboekewike: 'En toen?'. De boeken komme út de list fan boeken dy't de Afûk spesjaal foar dizze berneboekewike gearstald hat:

Op moandei: It aldermoaiste dinoboek
Op tiisdei: Sipke syn Alvestêdetocht
Op woansdei: Lindbergh - It grutte aventoer fan in fleanende mûs
Op tongersdei: It Spûkskip
Op freed: Gek op skiednis

De boeken rinne mei de dagen op yn leeftiidskategory, sa is it boek fan moandei foar bern yn de leeftiid 0-4 jier, it boek fan freed foar bern yn de leeftiid 10-12.

(Advertinsje)
(Advertinsje)