Mei dizze nije coronamaatregels komt it kabinet moandeitejûn

It is noch net hielendal wis, mar in grut part fan de nije coronamaatregels fan it kabinet is al fierhinne bekend. Moandeitejûn om 19.00 oere is der wer in parsekonferinsje fan premier Rutte en minister De Jonge. Der soene rigoreuze maatregels nommen wurde, dy't yn elts gefal foar trije wiken jilde.
© ANP
Moandeitemiddei is der noch oerlis tusken de foarsitters fan de feilichheidsregio's en minister Grapperhaus oer de útwurking fan de maatregels. Dy lêste soene tiisdei om 18.00 oere yngean moatte.
Lês hjirûnder mei hokker maatregels it kabinet nei alle gedachten komt:
- It thúswurkjen wurdt stranger hanthavene. Wurkjouwers wurde oansprutsen wannear't der oertredingen binne en in bedriuw soe tydlik sletten wurde kinne.
- De hoareka moat om 22.00 oere de doarren slute, en der mei de lêste oere gjinien mear nei binnen.
- By sporteveneminten is gjin publyk mear wolkom, sawol by profwedstriden as by amateurs.
- Minsken meie allinne mar needsaaklik reizgje nei stêden as Amsterdam, Rotterdam en Den Haag.
- Foar kontaktberoppen lykas de kapper wurdt in registraasjeplicht ynfierd, om in boarne- en kontaktûndersyk foar de GGD ienfâldiger te meitsjen.
- Yn de supermerk meie je allinne mar mei in winkelkarke nei binnen, dat yn it foar ûntsmet wurde moat.
- Der wurdt ek sjoen nei de omfang fan groepen, sawol binnen as bûten wurdt sjoen nei it tal minsken dat byinoar wêze kinne.