Frou (21) út Surhústerfean siket help en bellet tsientallen kearen nei 112

28 sep 2020 - 15:44

In frou (21) út Surhústerfean hat de plysje healwei july in soad wurk besoarge. De frou skansearre twa kear de auto fan de buorfrou, belle tsientallen kearen mei it alarmnûmer 112, en se bedrige en mishannele in begelieder. Fanwegen de tastân fan de frou hat de rjochter har gjin straf oplein. Wol is se skuldich befûn en moat se de skea fergoedzje.

Telefoan - Foto: Shutterstock.com

De frou fûn dat se help nedich hie en dat de help dy't se op dat stuit krige net de goede wie. Se krige begelieding, mar se woe graach help fan de GGZ. Yn in lilke bui goaide se in tsiisplanke nei har begelieder. In oare dei goaide se twa koekpannen tsjin it foarrút fan de auto fan har buorfrou. It rút oerlibbe dat net.

Stofsûgerslang

Twa dagen dêrnei gie de frou dyselde auto nochris mei in stofsûgerslang te liif. Yn de nacht fan 15 july belle se likernôch 25 kear nei it alarmnûmer 112. De frou hope troch al har dieden troch de plysje meinommen te wurden, sadat se dan úteinlik de goede help krije koe. Har opset is dêrmei slagge, want de frou sit op dit stuit foar trije moannen yn in klinyk. Se ferklearre yn de rjochtsaak dat se dêr op har plak is.

Skuldich

Neffens de offisier fan justysje hat se lykwols net de goede wize fan help sykjen brûkt. Sy stelde dêrom foar om de frou skuldich te ferklearjen, mar gjin straf op te lizzen. De rjochter gie dêryn mei. Wol moat se de skea fan sa'n 1.200 euro fergoedzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)