Vermilion stelt gaswinning by Blesdike út fanwegen corona

28 sep 2020 - 15:39

Gaswinbedriuw Vermilion Energy stelt it winnen fan gas by Blesdike út. Dat docht bliken út in brief oan de gemeente Weststellingwerf. De ynvestearringen foar dit jier wurde útsteld fanwegen de coronakrisis. "Het is zeer onwaarschijnlijk dat de werkzaamheden dit jaar nog gaan plaatsvinden", skriuwt it bedriuw.

Foto: Omrop Fryslân

It giet om it winnen fan gas út it nije fjild Blesdike East yn Weststellingwerf. Minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken hie yn maart in omjouwingsfergunning ferliend. Vermilion mei oant 2036 boarje fan de Meenthe 13a yn Wolvegea ôf.

It bedriuw leit in mjitnet oan dat de trillingen fan in ierdbeving mjitte moat. Dat is fan belang by it beoardieljen fan skea.

(Advertinsje)
(Advertinsje)