Ljouwert 45 nije coronabesmettingen, hiel Fryslân 74

28 sep 2020 - 15:08

Yn Ljouwert binne de ôfrûne 24 oeren 45 gefallen fan besmetting mei it coronafirus fêststeld, meldt it RIVM. Dat is it heechste oant no ta. Yn hiel Fryslân waarden 74 gefallen registrearre, it op-ien-nei heechste tal. It heechste tal besmettingen stiet op tachtich op ien dei, twa dagen lyn.

GGD testlokaasje Brandemeer yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn de Fryske sikehûzen leine moandeitemoarn fjirtjin minsken fan wa't tocht wurdt dat se it coronafirus ûnder de lea hawwe. Trije fan harren lizze op de intensive care, alve op in oare ferpleechôfdieling. Dat meldt it Regionaal Orgaan Acute Zorg Noord-Nederland (ROAZ).

Trefwurden: 
Ljouwert coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)