File op de Ofslútdyk - "Er staat een paard op de weg"

Ferkear op de Ofslútdyk moat rekken hâlde mei opûnthâld fanwegen in ûngelok. Moandeitemiddei ried in bestjoerder mei in hynstetrailer tsjin de fangrail. Ferkear wurdt troch de plysje oer de flechtstrook laat.
© CAMJO media
Nei it ûngelok hawwe twa frachtweinen de dyk ôfset oant Rykswettersteat op it plak fan it ûngelok de omlieding klear set hie.
Ferkear moat rekken hâlde mei sa'n 5 oant 10 minuten opûnthâld. Mei de ponny en de bestjoerder giet alles goed.