Baanhurdfytser Wim Stroetinga seit syn 'baan' op

28 sep 2020 - 14:03

Baanhurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hâldt op. Dat hat er moandei bekend makke op syn Twitteraccount. Yn syn tweet betanket er elkenien dy't him de ôfrûne jierren holpen hat.

Foto: ANP Foto

"Ik zat er al een tijdje aan te denken, maar corona heeft de beslissing wel duidelijker gemaakt. Anders was ik nog een of twee jaar doorgegaan, maar nu had ik geen doel meer om te trainen. Ik had geen zin meer om aan te modderen en had geen motivatie meer om te trainen." Dat trainen sil er dan ek net misse. "Het winnen wel. Op de weg vond ik het al niet zo leuk meer, met al die valpartijen, maar het baanrennen ga ik wel missen."

Stroetinga pakte ferskate prizen yn syn karriêre. Benammen op de ûnderdielen scratch en de ploegekoers wie er faak oppermachtich. Begjin dit jier wûn de 35-jierrige hurdfytser noch de Zesdaagse fan Rotterdam, tegearre mei Youri Havik. Hy kin sa net ien hichtepunt opneame. "Van iedere overwinning heb ik genoten, of dat nou Ureterp was of het WK."

Hy lit yn syn twitterberjocht witte dat er hopet yn de takomst aktyf te bliuwen yn de wrâld fan it hurdfytsen. Hy folget in oplieding ta trainer. "Ik hoop als ploegleider aan de slag te gaan, dat kan in Nederland zijn of in het buitenland, maar dat is wel mijn droom."

De measte minsken reagearje posityf op syn nijs. "Ze feliciteren me met mijn carrière, dat klinkt wat raar vind ik. Sommigen waren ook wel verrast."

Wim Stroetinga is de jongere broer fan maratonrider Arjan Stroetinga.

Wim Stroetinga

(Advertinsje)
(Advertinsje)