Cambuurspiler Kellian van der Kaap nei Israel

28 sep 2020 - 13:46

Cambuurspiler Kellian van der Kaap (21) giet nei de Israelyske fuotbalklup Maccabi Netanya. De oerstap giet fuortendaliks yn. Foar watfoar bedrach oft de Ljouwerter ferkocht is, wurde gjin meidielingen oer dien.

Foto: www.orange-pictues.nl

"Na eerst een gesprek met hoofdtrainer Henk de Jong en later de speler zelf hebben we uiteindelijk groen licht gegeven voor deze transfer. We wensen Kellian alle succes bij zijn nieuwe uitdaging en blijven hem volgen", seit technysk manager Foeke Booy fan SC Cambuur.

Van der Kaap kaam foarich seizoen tolve kear yn aksje yn it giel-blau en wist ien kear te skoaren. Earder spile de sintrale ferdigener foar Harkemase Boys en (Jong) FC Groningen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)