Sportkafee yn Burgumer sporthal Nije Westermar foarearst noch net ferkocht oan FC Burgum

28 sep 2020 - 13:14

Yn in brânbrief oan it kolleezje easkje VVD en GrienLinks yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel dat boargemaster en wethâlders de ferkeap fan it sportkafee yn de nije sporthal Nije Westermar oan FC Burgum útstelle moatte. De akte foar de ferkeap soe tiisdei passearje by de notaris. As reaksje befêstiget wethâlder Gelbrig Hoekstra (CDA) dat de ôfspraak mei de notaris útsteld is, "omdat b. en w. noch in beslút nimme moatte oer it passearjen fan in akte".

Sportkafee yn Burgumer sporthal Nije Westermar foarearst noch net ferkocht oan FC Burgum

Ek seit de wethâlder: "Wy binne no dwaande om antwurd te jaan op alle fragen dy't steld binne en alles sa soarchfâldich mooglik ôf te hanneljen."

Neffens VVD en GrienLinks soe de ferkeap fan it sportkafee yn striid wêze mei in earder riedsbeslút út 2019. De partijen fine ek dat se net folslein ynformearre binne oer de ûntwikkeling en eksploitaasje fan de nije sporthal en wolle earst alle stikken sjen en dêroer debattearje. Op 8 oktober is it spoeddebat oer de sporthal-affêre.

De muorren fan de Nije Westermar wurde mitsele - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

"Wethâlder kin net bliuwe"

De sporthal wurdt dizze moandei oplevere. It is de bedoeling om de nije hal sa gau mooglik yn gebrûk te nimmen. Dat jildt ek foar it nije sportkafee. "Ik fyn it eins ek wol sneu foar de Burgumer fuotbalclub", seit VVD-riedslid Sjaak Hoekstra. "Ik wol graach ûnderstreekje dat wy neat tsjin it fuotbaljen of FC Burgum tsjin hawwe, mar wy binne wol oansteld om de strapatsen fan it kolleezje fan Tytsjerksteradiel te kontrolearjen en dy steapelje de iene flater op de oare yn dit ferhaal."

Hy is bliid dat de akte yn alle gefallen tiisdei net passearret. "Dat is nij foar my, ik hie it noch net heard, mar bin der wol wiis mei." Syn krityk op it kolleezje bliuwt. "Se dogge har wurk net goed. De wethâlder kin net bliuwe fyn ik, der binne in soad flaters makke. De leauweardichheid fan de wethâlder is kompleet fuort."

Spannende gearkomste

De riedsgearkomste fan 8 oktober yn Burgum kin wolris spannend wurde. Tytsjerksteradiel praat earst oer de begrutting fan takommend jier. De gemeente skriuwt - lykas in soad Fryske gemeentes - reade sifers en sil net ûntkomme oan pynlike besunigings. Tytsjerksteradiel wurket amtlik gear mei Achtkarspelen. Ien fan de opsjes dy't op tafel leit, is sels it sluten fan ien fan beide gemeentehuzen - dus Burgum of Bûtenpost - om jild te besunigjen.

Nei de begruttingsgearkomste komt dan de twadde helte fan it spoeddebat oer dy nije sporthal Westermar. Ferskate partijen binne fan miening dat se net goed en yn alle gefallen net folslein ynformearre binne troch wethâlder Hoekstra. Dat is yn de polityk in bysûnder earnstige flater, as dat ek echt sa is. Se sil mei antwurden komme moatte en dan is it wachtsjen wat de polityk dermei docht. Se hat it betrouwen fan de kolleezjepartijen.

Ferslachjouwer Onno Falkena oer Burgum, mei reaksjes fan Gelbrig Hoekstra en Sjaak Hoekstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)