Fermiste frou fan It Hearrenfean en 3-jierrich soantsje weromfûn

De 31-jierrige fermiste frou fan It Hearrenfean en har 3-jierrich soantsje binne weromfûn yn Dútslân. Dat lit de plysje witte op twitter. Mem en soan binne yn goeie sûnens oantroffen yn it Dútske Hessen.
De mem is troch de plysje oanhâlden om't se har soantsje sûnder tastimming meinaam hie. De plysje hat ek in 40 jierrige man út Wolvegea oanhâlden dy't by de mem en it jonkje wie.
De frou en it jonkje wienen sûnt 17 septimber fermist. De auto fan de frou waard letter by in benzinestasjon tusken Hoogeveen en Meppel ontroffen. Koart foar de ferdwining wie it jonkje troch de rjochtbank ûnder tafersjoch pleatst. Mooglik hat de fermissing te krijen mei de ûnder tafersjochstelling fan it jonkje.