Twa praktykskoallen yn Drachten sette sûnens foarop; ek mear romte foar beweging

De praktykskoallen fan OSG Singelland De Venen en dy fan CSG Liudger De Ring yn Drachten sette de sûne skoalle foarop. Se binne al yn it besit fan de Gouden Kantine Schaal, mar krije der twa temasertifikaten by, ien foar beweging en sport en ien foar iten.
Twa praktykskoallen yn Drachten sette sûnens foarop; ek mear romte foar beweging
De beide skoallen diele ien gebou en dêrmei ek ien kantine. Yn dy kantine stiet al net mear in automaat mei frisdrinken en snobbersguod. Ek komme der hieltyd mear sûne produkten yn de ferkeap. De skoallen wolle ek op it mêd fan bewegen mear dwaan. Learlingen op Singelland en Liudger krije yntusken al fjouwer oeren sport yn de wike op skoalle.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Boargemaster Jan Rypstra is te sprekken oer de skoalle. "Het gaat ook om met elkaar leven, er is goed contact tussen leraar en leerling. Het is harmonisch, er heerst een goede sfeer."
Yn de kantine binne fegetaryske burgers en loempia's te krijen, se binne bakt en net frituerd. Sels de mayonêze is op fegabasis. Guon learlingen misse wol it frikandelbroadsje, mar it measte sûne iten fine se wol lekker.
By de sûne skoalle giet it neist it iten en bewegen ek om oare saken. "Het is allesomvattend, dus ook hoe ga je met elkaar om, hoe eet je goed en hoe slaap je goed", fertelt de direkteur. Oft it allegear helpt, is fansels de fraach, want wat bûten it skoalplein en thús gebeurt, hat de skoalle gjin ynfloed op.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Ferslachjouwer Jantine Stoffers wie op de skoalle