Fryske ûndernimmers wolle eigen coronateststrjitten opsette

Undernimmers yn Fryslân wolle eigen coronateststrjitten opsette om winkeliers en ûndernimmers rapper te testen. Dat kin bûten de GGD om, sadat MKB'ers sa rap as mooglik witte oft se wol of net besmet binne. Dêrmei wolle se de ekonomy yn Fryslân oerein hâlde no't der hieltyd mear besmettings binne.
Fryske ûndernimmers wolle eigen coronateststrjitten opsette
"In Leeuwarden op de Hemrik zijn we met een heel aantal bedrijven aan het kijken of we er een teststraat kunnen opzetten. De testcapaciteit die over is, willen we particulier inkopen. We willen zorgen dat er versnelde testen kunnen plaatsvinden, zodat de medewerkers aan het werk kunnen blijven", seit Trudie Timmerman, foarsitter fan MKB Noard regio Fryslân. It opsetten fan in eigen teststrjitte kostet jild, mar it is altyd noch goedkeaper as dat wurknimmers twa wiken yn karantêne moatte.
Timmerman: "We willen niet dat er een tweede lockdown komt, want dat heeft catastrofale gevolgen voor onze MKB. Het raakt alle sectoren, de horeca en alles wat daaraan verwant is, en de evenementenbranche, maar daar zitten ook weer toeleveranciers achter. Als deze branches wegvallen, dan krijgt de hele economie een klap."
Om dat foar te kommen docht se ek de oprop dat elk him hâldt oan regels. "Als mensen echt weer thuis komen te zitten hebben we gigantische problemen die we op dit moment helemaal niet kunnen overzien." De testen wurde ôfnommen troch minsken dy't der doel oer hawwe. De ferwachting is dat nije wike de ekstra teststrjitten starte sille.
Trudie Timmerman fan MKB Noard
© ANP Foto