Seis Fryske modellen op jubileumedysje fan Boerinne- en Boerekalinder

28 sep 2020 - 10:47

De Boerinnekalinder fiert dit jier it tsienjierrich jubileum. Ek dit jier is Fryslân fertsjintwurdige, mei mar leafst seis modellen: twa froulju en fjouwer manlju. De kalinder wurdt kommende freed yn Dronten presintearre.

Annie út Drachtsterkompenije - Foto: Foto Rachel Bosman | Sharabande Copyright © 2020 De Boerinnen Kalender

Neist Annie Dijkstra út Drachtsterkompenije stiet ek Silke Vlaanderen út Lichtaard op de Boerinnekalinder. Yn 2011 ferskynde de earste Boerinnekalinder, bedoeld om foaroardielen oer 'lompe' boerinnen fuort te nimmen. De modellen freegje yn de útjefte omtinken foar it agraryske wurk. It waard in sukses; dit jier wie der in rekôrtal oanmeldingen fan 316 kandidaten.

Boerekalinder

De Boerekalinder mei manlike modellen ferskynde foar it earst yn 2019. Yn dizze edysje steane neist Chris de Jong (Jirnsum) ek Jorrit Kuperus (Legemar), Meindert Lieuwe Jansma (Mitselwier) en Sjoerd Dijkstra (Reduzum).

Chris út Jirnsum - Foto: Foto Monique Hefti-Sutman, Copyright © 2020 De Boerinnen Kalender

De presintaasje fan de jubileumedysje soe grut fierd wurde, mar is oanpast fanwegen corona. It jubileumfeest is trochskood nei 2021.

(Advertinsje)
(Advertinsje)