Kollum: "In nije fyts"

28 sep 2020 - 08:12

"Nei't myn freon op in moarn op 'e skeal stien hie, sei er: wy moatte nije fytsen keapje, twa mountainbikes. Nei it rychje goede foarnimmens dat doe folge, ûnder oare fit wurde en twa kear yn de wike in MTB-trail dwaan, wie ik om. Der moasten perfoarst twa nije mountainbikes komme.

Foto: Janneke de Haan

De Toan fan Janneke de Haan

Makkest my altyd wol gelokkich mei in stikje fytsen oer in sân-trail. It is soms krekt in achtbaan, allegearre bochtsjes en heuvels dwers troch de bosk. De hûnen foarop, net by te hâlden fansels. Machtich! Hurd fyts ik net. Hoecht ek net. Ik wol my net oer de kop jeie. Ik bin sa'n ien dy't oe sa foarsichtich mei in slakkegonkje in hindernis nimt. Mar, betink ik my no, mei sa'n nije fyts sil ik beslist better wurde. En wa wit ek wat rapper?

Noch noait ha ik sels in nije fyts kocht. Fan heit en mem krige ik yn groep 8 in nije pearze Batavus. Fjouwerentweintich jier letter stiet dy noch altyd by ús yn it hok. Neist al dy oare twadde-, tredde- en fjirdehânske fytsen. Der mei dus ek bêst wol ris in nije fyts by.

Myn freon en ik begûnen mei in yngreven ûndersyk. Of no ja, myn freon. Hy hat sels fytsmakker west, dus hy wit der it ien en oar fan ôf. Foar my is in mountainbike in stjoer mei twa tsjillen. Ik hie it dan ek al gau besjoen mei termen lykas 'Shimeo Deore' en 'Quick Release'. Dy sizze my twa kear neat.

"En heb je al wat?", frege ik nei in tiidsje ûngeduldich. "Ik heb namelijk over twee weken een weekendje Utrechtse Heuvelrug geboekt bij die legendarisch vette MTB-trail van Amerongen." Mei in beteutere gesicht stie er foar my en sei doe: "Verschuif dat weekendje maar naar volgend jaar mei. De levertijd bedraagt driekwart jaar."

Wat wie it gefal? De corona hat alle fabriken stillein. En dat wylst de fraach nei fytsen tanaam is. In strieminne tiid om in fyts te keapjen. Wy hiene dit efkes mist. Wa hie tocht dat troch corona nei de skytrollen no ek de mountainbikes útferkocht wêze soene? Omdat wy it net leauwe woene, sochten wy in fytsewinkel op. Itselde ferhaal. Trijekwart jier wachtsje.

Neist de fytsewinkel siet in slachter. En yn plak fan twa nije fytsen, gongen wy nei hûs mei twa drûge woarsten. Dêr gongen de goede foarnimmens. Mar se smakken lekker en wy wienen in stik goedkeaper út."

(advertinsje)
(advertinsje)