Betinkingsbrêge moat grêfmonumint Bienema beskermje

28 sep 2020 - 07:26

Yn de Feanwykbosk tusken Oranjewâld en Aldskoat is moandeitemiddei in Betinkingsbrêge by it grêfmonumint fan de famylje Bienema ûntbleate. De brêge by de ryksmonumintale grêfkelder út 1810 is in ûntwerp fan keunstner Arjen Boerstra en is makke yn opdracht fan Steatsboskbehear en de famylje Bienema.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Bram Verhave is adviseur lânskip en kultuerhistoarje en wie belutsen by de plannen. "Het is een halve brug geworden, met een deur waar je doorheen kunt. Vervolgens kom je op een balkon waar je de grafkelder heel goed kunt zien. Je kunt niet langer op de grafheuvel zelf komen, waardoor het monumentale graf beter beschermd wordt voor de toekomst."

Grêfkelder beskermje

Om de grêfkelder sit in grêft, mar dy is yn de rin fan 'e jierren drûchfallen. Verhave: "Vroeger hield de gracht mensen tegen, maar nu de gracht is drooggevallen, is deze natuurlijke barrière weg. Veel bezoekers beklommen de grafheuvel om de grafkelder te bekijken. Daardoor ontstond er schade. De familie heeft aandacht gevraagd voor het onderhoud van de grafkelder. Op deze manier hebben we een eerste stap willen zetten om meer aandacht te geven aan het beschermen van dit grafmonument." Ek de bosk om it grêfmonumint hinne sil in opknapbeurt krije.

Buma is ôfstammeling Bienema

Boargemaster Buma soe de betinkingsbrêge moandeitemiddei iepenje. Hy is in fiere ôfstammeling fan de famylje Bienema. Mar fanwegen de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus moast er ôfsizze.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de ûntbleating fan it monumint

Foto: Arjen Boerstra

Bram Verhave

(Advertinsje)
(Advertinsje)