Coronanijs 28 septimber: Buma stiet efter nije lanlike maatregels

28 sep 2020 - 23:03
21:30
Ein fan dit liveblog

Oant sa fier dit coronaliveblog fan moandei 28 septimber. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje:

  • It kabinet hat nije maatregels ôfkundige yn de striid tsjin it coronafirus. Lês alle maatregels hjir.
  • Yn Ljouwert binne de ôfrûne 24 oeren 45 coronagefallen fêststeld. It heechste tal oant no ta;
  • Njoggen besmettingen yn wenfoarm Talant Damwâld;
  • Fryske ûndernimmers wolle eigen teststrjitten spesjaal foar ûndernimmers

Tiisdei is der op ús webside en yn ús app in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus.

21:21
Aldereinorganisaasje bliid mei winkeloerkes

Senioare-organisaasje KBO-PCOB is bliid mei de oprop fan it kabinet oan supermerken foar twa kear deis in oere foar kwetsbere groepen. Foar minsken mei sûnensproblemen kin dat in útkomst wêze. By de yntroduksje fan it earste winkeloerke krige de organisaasje in soad positive reaksjes. Goed dat der aanst mear kar is, fynt KBO-PCOB.

Alle winkelkarkes wurde bûtendoar himmele - Foto: Omrop Fryslân
21:19
FNV hat begryp, mar ek fragen

De FNV hat begryp foar it advys fan it kabinet om sa min mooglik te wurkjen en it thúswurkjen as noarm te stellen, om't it wurkplak ien fan de besmettingshurden fan it coronafirus is. "Maar er zijn nog steeds veel mensen die niet kunnen thuiswerken en in onveilige werksituaties verkeren, bijvoorbeeld door het gebrek aan beschermingsmiddelen", stelt it bûn.

21:06
'Extra zuur' foar hoareka

Wat der it measte ynhout by Corné van de Erve (regiofoarsitter Koninklijke Horeca Nederland), is de earnst fan de situaasje. "We hebben altijd gehoord dat we het goed gedaan hebben en dat er sprake is van regionale maatregels, dus ook voor Fryslân. Dan is het extra zuur dat er nu landelijke maatregels gelden."

By in soad hoareka-ûndernimmers oerhearsket it gefoel dat Fryslân slachtoffer is fan de Rânestêd, jout Van de Erve ta. "Aan de andere kant: we kunnen er niet omheen."

Corné van de Erve - Foto: Omrop Fryslân
21:01
Galema hat begryp

De nije coronamaatregels fan it kabinet kinne op begryp rekkenje fan it bedriuwslibben. "Dizze maatregels soargje derfoar dat it maatkiplike libben trochgean kin", seit Sjoerd Galema fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW.

"De ekonomyske gefolgen hawwe wy mei de earste yntelliginte lockdown al sjoen. No moatte bedriuwen oantoane dat se fan net fan hús út wurkje kinne. Dat is in spannende oangelegenheid. De oerheid kin al dy bedriuwen net kontrolearje. Dus komt it oan op it sûne ferstân."

Sjoerd Galema - Foto: Omrop Fryslân
20:19
Begryp by SC Cambuur

Direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur beslút de maatregels fan it kabinet. "Het voetbal moet zich niet buiten de maatschappij plaatsen, maar ik had het niet verwacht, want afgelopen weekend ging het goed."

"In maart dachten we ook dat we na een week of drie wel weer op konden starten. Stel je voor dat we terug moeten naar een lockdown, een zwart scenario dat Rutte ook schetste, dan ontstaan er heel grote zorgen bij veel sportorganisaties. Cambuur zal echt niet de eerste zijn die omvalt, maar alles kan kapot. Het houdt wel een keer op."

20:04
KNVB wol stipe

Fuotbalbûn KNVB rekkenet op ekstra finansjele stipe fan de oerheid no't fuotbalklups op syn minst trije wiken sûnder publyk spylje moatte. "Het maakt dat de roep om steun uit Den Haag nog harder en luider wordt. Dat zal het kabinet ook begrijpen. Zoals ze dat eerder ook al deden", stiet yn in ferklearring.

It bûn fynt it spitich dat it kabinet beslút dat publyk net mear wolkom is by sportwedstriden. Ek de kantines bliuwe ticht. "Het voetbal heeft er echt alles aan gedaan en fors geïnvesteerd om een veilige situatie in stadions te creëren", aldus de KNVB. "Wij menen ook dat dat heel goed gelukt is en onderzoek wijst dit ook uit. We zijn hiervoor overladen door complimenten door lokale overheden. Desalniettemin kiest Den Haag nu voor deze maatregelen. Dit hebben wij te accepteren. Helaas. Het voetbal pakt zijn verantwoordelijkheid."

19:28
Buma: "Wat mij betreft zijn deze maatregelen nodig"

Boargemaster fan de gemeente Ljouwert en foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân Sybrand Buma stiet efter de nije lanlike maatregels. "Maar zodra je weer verschillen tussen regio's aan kan brengen moet je dat doen. Dat blijft belangrijk, want iedere regio is verschillend."

Neffens Buma is Fryslân net de dupe fan de Rânestêd. "Op dit moment kun je dat eigenlijk niet meer zeggen, omdat bij ons ook de toename zo snel gaat. Er zijn wel minder besmettingen, maar het loopt wel heel snel op. De GGD loopt eigenlijk al achter de feiten aan. De maatregels komen bij ons op een moment waarin we het ergste nog kunnen voorkomen", sa seit Buma.

Foto: Omrop Fryslân
19:26
Rutte: "We moeten de pijn verdelen"

Premier Rutte snapt dat de maatregels ferfelend binne: "Maar we moeten de pijn verdelen. Natuurlijk heeft dit grote economische gevolgen, maar we kunnen het virus niet opnieuw laten oplaaien."

It doel wie om dy maatregels earst allinnich yn te stellen foar stêden, mar dy jilde oeral. Want de eksponensjele groei fan it firus giet te hurd, seit minister Hugo de Jonge fan folkssûnens. "De treinen worden voller, het thuiswerken schiet er bij in. Het zijn niet alleen de jongeren, dan zien we terug in de cijfers. Onder de streep is het gewoon niet goed genoeg."

19:17
De maatregels op in rige
  • Hoareka yn hiel Nederlân moat om 22.00 oere ticht. It lêste oere meie der gjin nije gasten mear nei binnen.
  • By sporteveneminten is gjin publyk mear wolkom. Dat jildt foar prof- en amateursport.
  • Thúswurkjen wurdt stranger hanthavene. Wurkjouwers wurde oansprutsen op oertrêdingen en bedriuwen kinne tydlik sletten wurde as se har net oan de regels hâlde.
  • Foar kontaktberoppen wurdt in registraasjeplicht ynfierd. Dat betsjut dat minsken de kontaktgegevens efter litte moatte by bygelyks de kapper.
  • Yn de supermerk meist allinnich noch mar nei binnen mei in winkelkarke, dat yn it foar ûntsmet wurdt. In mûlkapke wurdt advisearre.
  • Binnen meie groepen net grutter as 30 minsken wêze, bûten net grutter as 40 minsken.
Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)