Heale finale foar Danny Noppert op German Darts Championship

Darter Danny Noppert is der sneintejûn net yn slagge om foar it earst yn syn karriêre de finale te berikken op de European Tour. Yn de heale finale fan it German Darts Championship yn Hildesheim ferlear de Jouster mei 7-4 fan Devon Petersen út Súd-Afrika.
© Orange Pictures
De heale finale gie oant 3-3 lykop, mar dêrnei rûn de kreas skoarjende Petersen rap út. Noppert kaam op syn dûbels goed mei, mar smiet minder trippels as syn tsjinstanner. Petersen wûn úteinlik fia dûbel acht.

Heale finale

It wie foar Noppert alwer twa jier ferlyn dat hy de heale finale fan in European Tour berikte. Dit wykein helle hy de lêste fjouwer troch fan Josh Payne, Adrian Lewis, Max Hopp en Daryl Gurney te winnen.
Takom snein begjint yn Ingelân de World Grand Prix. Dat grutte telefyzjetoernoai is bysûnder, om't de darters dan mei in dûbel begjinne en einigje moatte. Noppert is as ien fan de bêste flierspilers pleatst foar de Grand Prix.