Scheepstra emosjoneel nei winst PC: "We hebben gekaatst als beesten"

27 sep 2020 - 23:50

Manon Scheepstra wie de iennige frou fan it winnende partoer dy't wist hoe't it wie om de PC te winnen. Nienke Sijbrandij en Marrit Zeinstra hiene it beide noch noait belibbe. Nei de wedstriid wie Scheepstra it meast emosjoneel fan de trije. "Ik wilde zo graag, voor Nienke en Marrit."

Sjoch hjir nei de reaksje fan Manon Scheepstra.

Se is har bewust fan de triennen. "Het is wel een beetje dom om weer op TV te staan huilen", seit se. Mar de emoasjes komme fansels. "Zelf heb ik niet heel lekker gekaatst, ik zat me op te vreten. Nienke en Marrit hebben mij meegenomen vandaag. Ze verdienden het om te winnen."

De partij foar de finale wie net goed, seit Scheepstra. Se hiene der samar ôf fleane kind. "Nienke en Marrit hebben als beesten staan kaatsen, en ik kon me daaraan optrekken. Ik ben blij dat het in de finale een stuk beter ging. Toen stonden we er."

Tsien kear is skippersrjocht foar Nienke Sijbrandij

Tsien kear die Nienke Sijbrandij mei oan de PC, en no slagge it har dan om de winst te pakken. Se toande minder emoasjes as Scheepstra. "Ik wist dat it der oan siet te kommen", seit se. "Ik ha sa faak yn de finale stien, no woe ik wol in kear in priis pakke."

Sjoch hjir nei de reaksje fan Nienke Sijbrandij.

Hoe't de lêste slach der út seach, dat wit se net mear. "Echt net. Ik wie sa oan it knokken, ik ha gjin momint oan winst of ferlies tocht. Mar doe't we yn de gaten krigen dat it út wie, waarden we hielendal gek!"

Marrit Zeinstra is útroppen ta keninginne. Foardat it safier wie, prate se mei ferslachjouwer Andor Faber. "De keningskommisje hat meisjoen", sei er. "It makket my net út wa't it wurdt," sei se, "it belangrykste is dat we wûn ha."

Sjoch hjir nei de reaksje fan Marrit Zeinstra.

Dêr't winners binne, binne ek ferliezers. Ilse Tuinenga waard fantefoaren neamd as favoryt, mar neidat dúdlik waard dat har maat Sjanet Wijnia net meidwaan koe oan de PC, omdat se ferplichtingen hie by follybalklup VC Snits, feroare dat.

Tuinenga wie de bêste fan har partoer. "Allinne kinne je net winne", sei se nei ôfrin. "Dan geane je der ôf. Ik wie gewoan kut. Yn de finale wiene we net goed. We ha op kwaliteit ferlern."

Sjoch hjir nei de reaksje fan Ilse Tuinenga.

"Ik ha leaver min keatst, en wol de krâns om, as goed keatse en derôf fleane", sei Tuinenga. Se laket noch wol, mar it giet net fan herte. Ek net by de poadiumseremoanje. "Ik doch myn bêst om dêrfan te genietsjen", seit se.

(advertinsje)
(advertinsje)