Kuorbalklup LDODK is Blau-Wyt dúdlik de baas

Kuorbalklup LDODK/Rinsma Modeplein fan de Gordyk hat mei grut ferskil wûn fan Blau-Wyt út Amsterdam. Yn eigen hûs wûnen de Friezen mei 21-13. De winst wie gjin momint yn gefaar.
© LDODK.nl
LDODK begûn sterk oan de wedstriid. It wie samar 3-0. Op 5-2 misten de Amsterdammers in strafworp, en even letter, op 5-3, diene se dat wer. Koart dêrnei moast Marvin Piepers fan LDODK mei in blessuere it fjild ferlitte.
Yn de twadde helte wie it gau dien. Nei in goal fan Christian Dekkers nei in time-out wie it 17-9, en dêrnei wie de wedstriid eins wol spile. Yn de lêste minút miste Blau-Wyt de tredde strafworp. Einstân: 21-13.