Topfavoryt partoer Sijbrandij wint 44ste Frouljus PC yn dreamfinale

It partoer fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra hat sneintemiddei de 44ste Frouljus PC wûn. Yn de finale wiene se mei 5-2 6-2 te sterk foar it partoer fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest. Zeinstra waard troch de keninginnekommisje ferkeazen ta keninginne fan de PC.
© Henk Bootsma
Sijbrandij-en-dy koene snein yn Weidum yn de dei groeie. De earste twa omlopen wiene mei twa kear 5-0 tsjin de partoeren fan respektyflik Serena Hovenga en Inge Jansma as in warming-up. Pas yn de heale finale waard it foar it earst spannend foar it partoer fan Sijbrandij. Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma makken it Sijbrandij-en-dy lestich, mar de rûtine joech úteinlik dochs de trochslach: 5-5 6-4.

Tuinenga

It oare finalepartoer, dat fan Tuinenga-en-dy, hie it in yn oanrin nei de finale ek lestich. Tsjin it debutantepartoer fan Wybrig Bakker, Fiera de Vries en Corri Kroondijk stiene se sels op 'e dea, mar úteinlik ûntsnapten se noch mei 5-5 6-2.
Yn de finale wie it it partoer fan Sijbrandij dat de macht hie. Dat partoer rûn dan ek al gau út nei 4-1, benammen troch goede slaggen fan Marrit Zeinstra út it perk wei. Tuinenga-en-dy diene op 4-1 6-6 noch wol wat werom, mar dêr wiene Sijbrandij-en-dy net fan ûnder de yndruk. Op 5-2 6-2 makke Scheepstra de partij út troch de bal werom yn it perk fan Tuinenga-en-dy te slaan.
Sjoch hjirûnder nei de earste reaksjes fan it fjild.