Biltske foarstelling 'De kraak van de kluis' lûkt tûzenen online sjoggers

27 sep 2020 - 11:50

Sa'n twatûzen minsken hawwe online sjoen nei de foarstelling 'De kraak van de kluis. De foarstelling oer it iepenbrekken fan it befolkingsregister fan It Bilt yn 1943 soe oarspronklik in teäterstik wurde, mar troch de útbraak fan it coronafirus is dat oanpast. No koene minsken sneontejûn thús ynlogge op de kompjûter om sa it stik te sjen.

De Kraak van de Kluis lûkt tûzenen online besikers

It stik draait om in Biltske fersetsgroep dy't yn 1943 ynbruts yn it gemeentehûs fan it Bilt om dêr it befolkingsregister te stellen. Sa woene se foarkomme dat jonge manlju nei Dutslân stjoerd wurde soene om foar de besetter te wurkjen.

Nije online-ferzje

Om't it dit jier 75 jier lyn is dat Nederlân befrijd waard, wie it de bedoeling om it stik yn alle gefallen trije kear op te fieren. Mar al frij gau nei de útbraak fan corona besleaten de makkers dat dat der nei alle gedachten net yn sitte soe. En dus waard it stik sa werskreaun dat it online útfierd wurde koe.

In diel fan de crew sjocht op grut skerm nei De Kraak van de Kluis - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Foar de nije opfiering is in diel fan it stik yn it foar opnaam. Ek wie in diel fan it stik allinnich te hearren en net te sjen. Mar it grutste part waard sneon live opfierd foar de kamera.

Mear taskôgers as by oarspronklike opfiering

Uteinlik seagen tusken de 2.000 en 2.500 minsken nei it stik. Hoefolle minsken oft it krekt binne, is net te sizzen Dat hinget derfan ôf hoefolle minsken oft thús achter elk skerm sitte. Neffens skriuwer Hein Jaap Hilarides binne it der yn alle gefallen mear as dat der by de oarspronklike opfiering nei sjoen hawwe soene.

Der wurdt noch neitocht oer hoe't 'De kraak van de kluis' noch in ferfolch krije kin.

Foto: Screenshot De Kraak van de Kluis

Wytse Vellinga wie by de online-foarstelling 'De kraak de kluis'

(Advertinsje)
(Advertinsje)