LIVEBLOG: Marrit Zeinstra keninginne nei PC-winst mei Sijbrandij en Scheepstra

27 sep 2020 - 19:40

De 44ste edysje fan de Frouljus PC wurdt snein yn Weidum keatst. Tolve partoeren nimme diel oan de Frouljus PC. De grutste kânshawwers dit jier binne Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Sy wûnen dit seizoen de measte wedstriden. Omrop Fryslân docht fan 10.30 oere ôf live ferslach op radio, telefyzje en online.

19:17
Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme oan it ein fan dit liveblog. Letter kinne jo op OmropFryslan.nl en yn de Omrop-app de reaksjes fan winners en ferliezers noch neilêze en besjen.

Tige tank foar it folgjen!

18:50
De huldiging

Huldiging

18:55
Marrit Zeinstra útroppen ta keninginne

Marrit Zeinstra is útroppen ta keninginne. Se krige de measte punten fan de keninginnekommisje.

Foto: Omrop Fryslân
18:28
Sijbrandij-en-dy winne 44ste Frouljus PC

It partoer fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra is de winner fan de 44ste Frouljus PC yn Weidum. Yn de finale binne se mei 5-2 6-2 te sterk foar it partoer fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest.

Lêste finaleslag

18:27
Foarsitter: "Guon minsken sieten te ticht op mekoar"

Guon minsken sieten te ticht by mekoar. Dat sei Wigle Anema fan de organisaasje, neidat er in oprop dien hie oan it publyk om de oardel meter ôfstân te hâlden.

"We hiene in telefoantsje krigen fan de Feilichheidsregio. Blykber sitte dy mei te sjen, op telefyzje. Dat byld fertekenet al wat, mar minsken sieten wol te ticht op mekoar. Dêr ha we wat fan sein. Dat hiene we earder ek al dien."

Der wurdt gehoar jûn oan de oprop, seit Anema. "De sitewaasje is no ûnder kontrôle."

Wigle Anema

18:25
Noch mar ien earst?

Marrit Zeinstra slacht de bal boppe op 4-2 6-2 en dêrmei komt it partoer fan Sijbrandij op in 5-2 foarsprong. De oerwinning komt no wol hiel tichteby...

18:16
Tuinenga docht wat werom

Tuinenga-en-dy komme werom nei 4-2. Imke van der Leest keart de bal op 6-6 foar de keats en dus sitte se noch yn de wedstriid.

18:07
Veiligheidsregio sjocht mei

De Veiligheidsregio Fryslân is net bliid mei hoe't de coronamaatregels neilibbe wurde yn Weidum. De omropper docht foar de safolste kear de oprop oan de besikers om oardel meter útinoar te gean.

Oprop coronamaatregels

18:06
Sijbrandij-en-dy rinne út

Nettsjinsteande twa kwea-slagen, komt it partoer fan Sijbrandij op in 4-1 foarsprong.

17:58
Belangrike boppeslach

Manon Scheepstra slacht de bal boppe op 2-2 6-6 en dus gean Sijbrandij-en-dy no mei 3-1 oan de lieding yn de finale fan de 44ste Frouljus PC.

Trefwurden: 
frouljus PC Weidum liveblog
(Advertinsje)
(Advertinsje)