Liveblog
|
27 septimber 2020
LIVEBLOG: Marrit Zeinstra keninginne nei PC-winst mei Sijbrandij en Scheepstra
Tolve partoeren stride snein tsjin elkoar by de 44ste Frouljus PC yn Weidum.
Lêst bywurke: 27 septimber 2020, 22:21
snein 27 septimber 2020
19:17
Ein fan dit liveblog
Hjirmei komme oan it ein fan dit liveblog. Letter kinne jo op OmropFryslan.nl en yn de Omrop-app de reaksjes fan winners en ferliezers noch neilêze en besjen.
Tige tank foar it folgjen!
18:50
De huldiging
18:55
Marrit Zeinstra útroppen ta keninginne
Marrit Zeinstra is útroppen ta keninginne. Se krige de measte punten fan de keninginnekommisje.
18:28
Sijbrandij-en-dy winne 44ste Frouljus PC
It partoer fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra is de winner fan de 44ste Frouljus PC yn Weidum. Yn de finale binne se mei 5-2 6-2 te sterk foar it partoer fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest.
18:27
Foarsitter: "Guon minsken sieten te ticht op mekoar"
Guon minsken sieten te ticht by mekoar. Dat sei Wigle Anema fan de organisaasje, neidat er in oprop dien hie oan it publyk om de oardel meter ôfstân te hâlden.
"We hiene in telefoantsje krigen fan de Feilichheidsregio. Blykber sitte dy mei te sjen, op telefyzje. Dat byld fertekenet al wat, mar minsken sieten wol te ticht op mekoar. Dêr ha we wat fan sein. Dat hiene we earder ek al dien."
Der wurdt gehoar jûn oan de oprop, seit Anema. "De sitewaasje is no ûnder kontrôle."
18:25
Noch mar ien earst?
Marrit Zeinstra slacht de bal boppe op 4-2 6-2 en dêrmei komt it partoer fan Sijbrandij op in 5-2 foarsprong. De oerwinning komt no wol hiel tichteby...
18:16
Tuinenga docht wat werom
Tuinenga-en-dy komme werom nei 4-2. Imke van der Leest keart de bal op 6-6 foar de keats en dus sitte se noch yn de wedstriid.
18:07
Veiligheidsregio sjocht mei
De Veiligheidsregio Fryslân is net bliid mei hoe't de coronamaatregels neilibbe wurde yn Weidum. De omropper docht foar de safolste kear de oprop oan de besikers om oardel meter útinoar te gean.
18:06
Sijbrandij-en-dy rinne út
Nettsjinsteande twa kwea-slagen, komt it partoer fan Sijbrandij op in 4-1 foarsprong.
17:58
Belangrike boppeslach
Manon Scheepstra slacht de bal boppe op 2-2 6-6 en dus gean Sijbrandij-en-dy no mei 3-1 oan de lieding yn de finale fan de 44ste Frouljus PC.
17:50
Earste buordsje foar Tuinenga
Opnij einiget it earst mei 6-6, mar diskear lûke Tuinenga-en-dy oan it langste ein: 2-1.
17:40
Sijbrandij-en-dy ferdûbele foarsprong
It twadde earst is in stik spannender, mar giet úteinlik ek mei 6-6 nei it partoer fan Nienke Sijbrandij: 2-0.
17:33
De kop is der ôf
It earste earst is mei 6-0 foar it partoer fan Nienke Sijbrandij nei in tal fan goede slagen fan Marrit Zeinstra.
17:23
Frysk folksliet
It Frysk folksliet is yntusken spile yn Weidum, dus de finale fan de 44ste Frouljus PC tusken it partoer fan Nienke Sijbrandij en it partoer fan Ilse Tuinenga stiet op it punt fan begjinnen.
17:10
Utslaggen heale finales
Tredde list
4. Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma | 5. Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra | 5-5 4-6 |
9. Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest | steand nûmer |
17:06
Triennen by partoer De Haan
16:56
Dreamfinale tusken Sijbrandij en Tuinenga
It partoer fan Sijbrandij pakt úteinlik de oerwinning yn de heale finale mei 5-5 6-4 en giet dus nei de finale. Yn de finale treffe se it partoer fan Ilse Tuinenga.
16:49
Wer gelyk
It is 5-5 en dus komt der in beslissend earst tusken it partoer fan Sijbrandij en it partoer fan De Haan om te bepalen hokker partoer as twadde yn de finale fan de 44ste Frouljus PC komt.
16:39
Sitbal op belangryk momint
Annet de Haan bewiist har partoer in goede tsjinst mei in sitbal op 4-4 6-6. Sy gean no dus mei 5-4 oan de lieding tsjin it partoer fan Sijbrandij.
16:26
Sijbrandij-en-dy komme opnij werom
De topfavoryt op dizze Frouljus PC seach wer tsjin in efterstân oan (4-2), mar opnij kaam op de belangrike mominten de klasse nei boppen en witte se it om te bûgen nei in likense stân: 4-4.
16:11
Utslaggen twadde list
Twadde omloop
1. Aletta van Popta, Mintje Meintema en Miranda Scheffer |
| 2-5 6-6 | |
5. Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra | 7. Inge Jansma, Elly Hofman en Ineke van der Ploeg | 5-0 6-4 | |
9. Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest | 11. Wybrig Bakker, Corrie Kroondijk en Fiera de Vries | 5-5 6-2 |
16:06
Partoer Tuinenga nei finale
It partoer fan Ilse Tuinenga is de earste finalist op de 44ste Frouljus PC. Sy ûntsnappe yn de wedstriid tsjin it partoer fan Wybrig Bakker mei 5-5 6-2, nei't Bakker har lêste opslach op it tou sloech.
Yn de finale nimme Tuinenga-en-dy it op tsjin it partoer fan Sijbrandij of it partoer fan De Haan.
16:02
Sijbrandij-en-dy komme werom
Nei in 2-0 efterstân is it partoer fan Sijbrandij wer op likense hichte kaam mei it partoer fan Annet de Haan: spul gelyk.
15:59
Tuinenga ûntsnapt
Wybrig Bakker slacht op 5-4 6-6 in bal efter yn it perk. It ferrassingspartoer fiert de oerwinning al, mar de karmaster is resolút en jout de bal kwea. Op de bylden fan Omrop Fryslân is krekt net te sjen oft de bal no binnen of bûten it perk telâne kaam.
15:49
Tuinenga-en-dy hawwe it dreech
It partoer fan Ilse Tuinenga komt troch in kwea-slach op in 5-4 efterstân. Is der in grutte ferrassing yn de maak foar it partoer fan Bakker, Kroondijk en De Vries?
15:34
Earste earst tsjin foar Sijbrandij
It partoer fan Sijbrandij hat it earste stekje falle litten. Yn de heale finale ferlieze se harren earste earst op dizze PC tsjin it partoer fan De Haan: 0-1.
15:20
Tuinenga of Bakker nei finale?
It partoer fan Ilse Tuinenga hat op de twadde list mear muoite mei it partoer fan Wybrig Bakker as op foarhân tocht. Tuinenga-en-dy geane wol mei 3-2 oan de lieding. De winner fan dizze partij hat yn de heale finale in steand nûmer en is by winst dus al wis fan in finaleplak.
14:57
Fyfde oprop organisaasje
De organisaasje docht foar de fyfde kear op dizze dei in oprop oan de besikers om op harren plak sitten te gean. Dat hat fansels alles te krijen mei de jildende coronamaatregels.
14:54
Sijbrandij-en-dy nei heale finale
Ek de twadde heale finalist is bekend: it partoer fan Nienke Sijbrandij. Yn de twadde omloop wûnen se opnij ienfâldich. Diskear fan it partoer fan Inge Jansma: 5-0 6-4.
Yn de earste omloop wûnen Sijbrandij-en-dy ek al mei 5-0.
14:46
Earste heale finalist bekend
It partoer fan Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma is de earste heale finalist fan de 44ste Frouljus PC. Sy wiene yn de twadde omloop mei 5-2 6-6 te sterk foar it partoer Aletta van Popta, Mintje Meintema en Miranda Scheffer.
De Haan-en-dy nimme it yn de heale finale op tsjin it partoer fan Sijbrandij of it partoer fan Jansema.
14:42
De Frouljus PC libbet ek by de bern
14:20
Twadde list úteinset
De twadde omloop is úteinset mei de wedstriid tusken it partoer fan Van Popta en it partoer fan Okkema. Dat lêste partoer giet mei 4-1 oan de lieding. Ek de partoeren fan De Haan en Sijbrandij stean yntusken op it fjild foar harren twadde wedstriid fan de dei.
14:02
Utslaggen earste list
Earste list
1. Aletta van Popta, Mintje Meintema en Miranda Scheffer | 2. Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum | 5-4 6-4 |
3. Andrea Kroes, Sigrid de Jong en Marije Hellinga | 4. Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma | 2-5 2-6 |
5. Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra | 6. Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma | 5-0 6-2 |
7. Inge Jansma, Elly Hofman en Ineke van der Ploeg | 8. Roelie Kroondijk, Klasine Huistra en Jennie Terpstra | 5-2 6-6 |
9. Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest | 10. Tineke Dijkstra, Marte Altenburg en Louise Krol | 5-5 6-0 |
11. Wybrig Bakker, Corrie Kroondijk en Fiera de Vries | 12. Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Harmke Siegersma | 5-2 6-6 |
13:53
Ferrassing op earste list
Foar it partoer fan Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Harmke Siegersma sit de PC derop. It partoer fan Wybrig Bakker, Corrie Kroondijk (debutant) en Fiera de Vries (debutant) is mei 5-2 6-6 te sterk. Kroondijk besliste de wedstriid mei in boppeslach.
Bruinsma-en-dy hearden by de outsiders foar de titel. Se wûnen dit jier al in haadklasse-wedstriid.
13:30
Tuinenga-en-dy winne kreaker
It gie net maklik, mar Tuinenga-en-dy binne troch nei de twadde omloop. Nei in spannende striid wiene se mei 5-5 6-0 te sterk foar it partoer fan Dijkstra. Imke van der Leest makke de wedstriid mei in boppeslach út.
13:23
Spanning yn earste omloop
It is spannend by de wedstriid tusken de partoeren fan Tuinenga en Dijkstra. De stân is 5-4 yn it foardiel fan Tuinenga-en-dy.
12:48
Partoer Jansma giet troch
It partoer fan Inge Jansma, Elly Hofman en Ineke van der Ploeg is troch nei de twadde omloop. Jansma-en-dy wûnen mei 5-2 6-6 fan Roelie Kroondijk, Klasine Huistra en Jennie Terpstra.
12:44
Earste kreaker
De earste kreaker fan de dei giet tusken it partoer fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest en it partoer fan Tineke Dijkstra, Marte Altenburg en Louise Krol. It partoer fan Tuinenga wie de sterkste op de generale foar de PC en ek it partoer fan Dijkstra wûn dit jier al ris in earste priis.
Tuinenga-en-dy geane mei 3-1 oan de lieding.
12:19
Sijbrandij-en-dy nei twadde omloop
It partoer fan Hovenga is yn de earste omloop gjin partij foar Sijbrandij-en-dy. It favorite partoer giet mei 5-0 6-2 ienfâldich nei de twadde omloop.
12:07
Organisaasje warskôget besikers
De organisaasje wiist besikers fanatyk op de oardelmeterregel. Der is al ferskate kearen omroppen dat minsken harren hjir oan hâlde moatte.
11:43
Favoriten sette foet yn de arena
It partoer fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra is dwaande oan harren earste wedstriid fan de dei. Sijbrandij-en-dy wûnen dit jier al fjouwer wedstriden en binne de grutte favoryt foar de titel. It partoer fan Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma is it earste obstakel.
11:29
Partoer Okkema derôf
De earste lytse ferrassing fan de dei is in feit. It partoer fan Aletta van Popta (debutant), Mintje Meintema en Miranda Scheffer is mei 5-4 6-4 te sterk foar Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum.
11:25
Earste ôffaller bekend
Foar it partoer fan Andrea Kroes, Sigrid de Jong en Marije Hellinga sit de 44ste Frouljus PC der alwer op. Sy kamen der net oan te pas tsjin Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma. De Haan-en-dy wiene mei 5-2 6-2 te sterk.
11:10
Frouljus PC folslein útferkocht
De organisaasje fan de Frouljus PC freget minsken sûnder kaarten net nei it keatsfjild yn Weidum te kommen. De keatspartij is mei 650 besikers al folslein útferkocht.
10:51
It waarberjocht fan Piet foar de PC
10:44
PC is yntusken los
De 44ste Frouljus PC is yntusken los mei it partoer fan Aletta van Popta tsjin it partoer van Sietske Okkema, en it partoer fan Andrea Kroes tsjin it partoer fan Annet de Haan. Dat is allegearre live te folgjen yn de livestream fan Omrop Fryslân mei radio-kommentaar fan Geert van Tuinen.
10:39
Winners fan ferline jier
De winners fan ferline jier, Ilse Tuinenga en Manon Scheepstra, kamen fan 'e moarn yn styl oan yn Weidum. Sjanet Wijnia, dy't it trio ôfrûne seizoen kompleet makke, is der dit jier net by fanwegen ferplichtingen by VC Snits.
10:31
De list fan de 44ste Frouljus PC
44ste Frouljus PC
1. Aletta van Popta, Mintje Meintema en Miranda Scheffer | 2. Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum | |
3. Andrea Kroes, Sigrid de Jong en Marije Hellinga | 4. Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma | |
5. Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra | 6. Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma | |
7. Inge Jansma, Elly Hofman en Ineke van der Ploeg | 8. Roelie Kroondijk, Klasine Huistra en Jennie Terpstra | |
9. Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest | 10. Tineke Dijkstra, Marte Altenburg en Louise Krol | |
11. Wybrig Bakker, Corrie Kroondijk en Fiera de Vries | 12. Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Harmke Siegersma |
10:30
Wolkom by dit liveblog
Goeiemoarn, wolkom by dit liveblog fan de 44ste Frouljus PC yn Weidum, dêr't tolve partoeren inoar snein treffe sille. Omrop Fryslân is der de hiele dei by en docht fan 10.30 oere ôf live ferslach op radio, tv en online mei radio-kommentaar fan Geert van Tuinen en fan de twadde omloop ôf op telefyzje mei kommentaar fan ferslachjouwer Andor Faber en trijefâldich PC-winneres Fenna Zeinstra.