Brân Ljouwert gau ûnder kontrôle, bewenster nei sikehûs brocht

By in wente yn Ljouwert hat sneintemoarn koarte tiid brân west. De bewenster is troch personiel fan de sikeauto neisjoen en dêrnei nei it sikehûs brocht.
© AS Media
De brân ûntstie om sawat tsien foar njoggenen. It wie achter de wente. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.