Liveblog | 27 septimber 2020

Coronanijs 27 septimber: Skiermûntseach as iennige noch coronafrij

Folgje hjir it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 28 septimber 2020, 10:07
21:40

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan snein 27 septimber oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.
Moandei is der in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus. Dat is te finen op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân.
21:29

Fastfoodrestaurant Gytsjerk hâldt doarren ticht nei coronabesmetting

It fastfoodrestaurant De Canterlanden yn Gytsjerk hâldt de doarren oant en mei tiisdei ticht, omdat twa meiwurkers besmet binne mei it coronafirus. Dat meldt it restaurant op facebook. De meiwurkers sitte yn karantêne.
It restaurant meldt dat se fan de GGD gewoan iepen meie, en dat de belutsen meiwurkers de ôfrûne wike net oan it wurk west ha. Dat se dochs in pear dagen ticht bliuwe, is "om onrust te voorkomen en de veiligheid van onze klanten en onze medewerkers te waarborgen", meldt it restaurant.
19:28

Coronamaatregels by Frouljus PC: "Guon minsken sieten te ticht by mekoar"

Guon minsken sieten te ticht by mekoar, by de Frouljus PC yn Weidum. Dat sei Wigle Anema fan de organisaasje, neidat er in oprop dien hie oan it publyk om de oardel meter ôfstân te hâlden.
Oprop coronamaatregels
"We hiene in telefoantsje krigen fan de Feilichheidsregio. Blykber sitte dy mei te sjen, op telefyzje. Dat byld fertekenet al wat, mar minsken sieten wol te ticht op mekoar. Dêr ha we wat fan sein. Dat hiene we earder ek al dien."
Wigle Anema fan de Frouljus-PC
18:53

Coronapasjint út Suden leit yn MCL

Yn it Ljouwerter sikehûs MCL leit in pasjint mei it coronafirus, dy't oerkaam is fan in sikehûs út it Suden fan it lân. Dat befêstiget in wurdfierder fan it sikehûs.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Earder melde it MCL al dat de Fryske sikehûzen oerlizze mei de oare sikehûzen yn it Noarden oer de sprieding fan pasjinten. Sa wolle se de reguliere soarch safolle mooglik oerein hâlde. Want dy kaam earder dit jier foar it grutste part stil te stean, doe't de sikehûzen fol leine mei coronapasjinten.
It MCL docht de koördinaasje fan fjouwer Fryske sikehûzen.
16:09

Saakkundige UMCG docht oprop oan kabinet: "Wees niet bang om strikte maatregelen te nemen"

Arts-microbioloog Alex Friedrich fan it UMCG set fraachtekens by it effekt fan de ekstra maatregels dy't fan hjoed ôf jilde yn ûnder oare yn Grinslân en Flevolân. Dat meldt RTV Noord. Friedrich tinkt dat it stranger moat.
It UMCG © ProNews
"Als je te lang wacht is de wekelijkse stijging van het aantal besmettingen zo hoog, dat het lang duurt voordat de curve weer naar beneden gaat. Dus hoe sneller je ingrijpt met strikte maatregelen, hoe eerder je effect ziet en des te eerder je ook weer kunt versoepelen."
Friedrich sketst it effekt fan sokke maatregels. "Als je er vandaag voor zorgt dat er morgen geen besmettingen meer zijn, zie je het vroegst over een week effect. Maar als je maatregelen neemt die maar twintig procent van de besmettingen voorkomen, dan heb je nog een probleem met de overige tachtig procent. Dan duurt het dus veel langer of het heeft helemaal geen effect."
Hy sjocht hoe't de GGD siket nei balansearre maatregels. "Ik begrijp het, maar wees niet bang om strikte maatregelen te nemen."
15:45

RIVM: 44 nije coronabesmettingen yn Frysân, allinne Skiermûntseach noch coronafrij

Der binne hjoed 44 nije coronabesmettingen melden yn Fryslân. Dat blykt út sifers fan it RIVM. Ien fan dy besmettingen is konstatearre op Flylân. It gemeentebestjoer befêstiget dat it giet om in ynwenner fan it eilân, mar wol der om privacyredenen fierder neat oer sizze.
Flylân © ANP
Skiermûntseach is de iennige gemeente fan Nederlân dêr't it coronafirus noch net offisjeel konstatearre is. "Gelukkig maar", seit boargemaster Ineke van Gent. "Maar dat betekent niet dar hier alles maar kan. We moeten blijven opletten, want het kan morgen anders zijn."
Juster wiene der 80 nije besmettingen yn Fryslân. Dat wie it heechste oantal dat we oait sjoen ha. Dat it der no minder binne, soe ferklearre wurde kinne troch in saneamde 'rapportaazjefertraging' dy't faker optreedt yn it wykein.
Op omropfryslan.nl/corona binne de aktuele sifers te sjen, ek per gemeente. De sifers wurde alle dagen bywurke.