"Alles út de kast om twadde lockdown foar te kommen"

26 sep 2020 - 22:04

Undernimmers en bedriuwen moatte der alles oan dwaan om in twadde lockdown foar te kommen. Mei dy oprop komt sneon MKB Nederland en VNO-NCW. Neffens de beide organisaasjes hawwe de ûndernimmers in wichtige rol yn it skerphâlden fan elkenien, no't it tal coronabesmettings wer rap oprint.

Wurkjouwers oer twadde lockdown

Neffens de organisaasjes binne alle maatregels oeral noch goed sichtber, mar stappe minsken der wat te maklik oerhinne. Undernimmers kinne dat mei ombûgje. "We zien allemaal om ons heen dat mensen wat makkelijker worden in hoe ze omgaan met de maatregelen", seit foarsitter Sieger Dijkstra fan VNO-NCW Noard-Nederlân.

Ferantwurdlikheid nimme

"De ondernemers hebben allemaal een bedrijf waar mensen werken, waar ze mensen ontvangen en ondernemers hebben dus de kans om daar hun verantwoordelijkheid in te nemen en weer strikter op de maatregelen toe te kijken."

Marc van Gulick fan Hotel Lauswolt yn Beetstersweach is it iens mei de oprop. Sy dogge der neffens him noch altyd alles oan om it firus bûten de doar te halden. Sa hat in part fan it personiel konstant mofkes oan, hinget der pleksyglês by de resepsje en binne de taffeltsjes sa ynrjochte dat minsken op oardel meter fan elkoar bliuwe. Neffens him binne ekstra maatregels dan ek net nedich. "Nee, het gaat er om dat we ons er allemaal weer aan gaan houden."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Besmettings rinne op

Neffens Van Gulick en Dijkstra is dit de iennichste wize om in twadde lockdown foar te kommen. De besmettingen rinne benammen de ôfrûne wike hurd op. Ek yn Fryslân. En der gean geruchten oer ekstra strange maatregels. Mei de oprop oan de eigen efterban hopet VNO-NCW foar te kommen dat it echt sa fier komt.

"De gevolgen van de eerste golf hebben we lang nog niet allemaal gezien. Dat krijgen we voor een deel pas volgend jaar echt in de gaten hoe groot de impact geweest is. Een tweede lockdown betekent nog meer faillissementen en nog meer ontslagen. Dat moeten we gewoon niet willen."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"De eerste hebben we gehad. Die was vervelend. Heel vervelend", seit Van Gulick. "Maar we hebben daar wel heel veel van geleerd. En we kunnen het ons nu niet permitteren om een tweede golf te krijgen. Financieel niet, maar ook als samenleving niet."

Trefwurden: 
MKB VNO-NCW coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)