FIDEO: Suksesfolle túnferkeap yn Ljouwerter wenwyk Techum
In kringloopwinkel yn dyn eigen tún en dat mei de hiele wyk: yn de Ljouwerter wenwyk Techum iepenen bewenners sneon harren garaazjedoarren om twaddehânsk guod te ferkeapjen. De Yard Sale wie in grut sukses: mear as hûndert húshâldens ferkochten snypsnaarkes.