Jongerein wol sichtberheid Slach by Warns mei filmke fergrutsje

26 sep 2020 - 18:38

Gewoanwei hie sneon de betinking fan de Slach by Warns west, mar fanwegen it coronafirus gie dy byienkomst dit jier net troch. De jonge oanwaaks yn it bestjoer woe de betinking lykwols net samar foarby gean litte en makke in filmke oer de skiednis, mar eins ek oer de takomst. Ien fan de ideeën is om mear gear te wurkjen mei de oare Fryslannen yn Europa.

Fernijing Slach by Warns

De Stifting Slach by Warns set him yn foar de bewustwurding fan it belang fan de Fryske taal en kultuer. De betinking giet dit jier net troch. De minsken dy't gjin Facebook en ynternet hawwe, komme miskien wol om 'e nocht nei de tinkstien. De bestjoersleden heine dy minsken op by de stien.

Trochrinnend

"It coronafirus hat ús oan it tinken set", seit Bruno Rummler fan de stichting. "Moat dit wol ien kear yn it jier? Miskien kin it wol trochrinnend, dus altyd en op in oare wize."

Ynternasjonaal

"Wat wy wolle is mear gearwurking, bygelyks mei de provinsje. Of ynternasjonaler. Miskien is der in gearwurking mei de oare Fryslannen mooglik." Rummler doelt op East-Fryslân flak oer de grins by Grinslân en Noard-Fryslân yn Dútslân by de Deenske grins.

Net hingjen bliuwe yn it ferline

"Wy kinne net hingjen bliuwe yn it ferline. De ynstek bliuwt hiel wichtich: wy binne grutsk op wa't wy binne. Je moatte je thúsfiele kinne yn ús provinsje, ek as je de taal net behearskje."

Bruno Rummler

Jongerein wol sichtberheid Slach by Warns mei filmke fergrutsje film

Mear ynformaasje is te finen op de Facebookside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)